Autodieverij yn Drachten: plysje fynt stellen guod

10 apr 2021 - 10:00

De plysje fan East-Fryslân wie op syk nei de eigener fan guod dat yn de nacht fan freed op sneon fûn waard yn Drachten. It giet ûnder oare om in learen jas, in nij pear skuon, in telefoan en wat lytsjild. Neffens de plysje kaam it guod mooglik út auto's wei yn de omkriten fan de Klokhuislaan en de Stasjonswei.

Foto: Shutterstock.com (Fractal Pictures)

De plysje pleatste in oprop op sosjale media, dêr't fuort op reagearre waard troch in ynwenner fan Drachten, dy't oanjoech dat it guod út harren auto wei helle is. De plysje hat yntusken kontakt opnommen.

Trefwurden: 
Drachten auto dieverij
(Advertinsje)
(Advertinsje)