Te min trochstreammooglikheden foar dakleaze jongelju yn Fryslân

10 apr 2021 - 11:43

Foar jongelju mei mearfâldige problematyk binne der te min trochstreammooglikheden yn Fryslân. Yn 2020 binne der minder dakleaze jongelju opfongen yn de nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert yn ferliking mei it jier dêrfoar. Mar de jongelju dy't opfongen binne, binne folle langer yn de opfang bleaun. Dat docht bliken út sifers dy't Omrop Fryslân opfrege hat.

Net in soad trochstreammooglikheden foar dakleaze jongelju

Neffens yntervinsjemeiwurker Marco Kok komt dit trochdat de problematyk by de jongelju yn de opfang hieltyd komplekser wurdt en de plakken dêr't dizze jongelju opfongen wurde kinne hieltyd faker fol sitte. "Ze krijgen steeds vaker nee te horen en komen dan weer in de nachtopvang en corona helpt daar nu ook niet bij." As yntervinsjewurker slacht Kok in brêge tusken jongerein dy't yn de problemen sit en harren takomstige begelieding. Mei syn team wurket Marco oer hiel Fryslân.

Der binne in protte organisaasjes yn Fryslân dy't beskerme wenjen oanbiede, mar net foar de jongeren, yn de nachtopfang, mei mearfâldige swierdere problemen, likas ferslavingen, skulden, psychyske problemen en gedrachsproblemen. Dizze jongeren kinne op de measte plakken net telâne, omdat se wurkje mei contra-yndikaasjes. Dit binne redenen om minsken net te stypjen of yn soarch te nimmen. Foarbylden binne it brûken fan harddrugs of slimme gedrachsproblemen.

Troch corona is it allinnich mar dreger wurden om dizze jongelju te helpen, seit Kok. Neffens him fine sy de wei nei de helpferliening minder gau. "Door het virus moet alles op afspraak. Dit betekent dat als jongeren aan de bel trekken, er een afspraak wordt gemaakt bijvoorbeeld voor twee dagen later. Maar dan komen ze vaak niet opdagen. Ze moeten op elk moment van de dag binnen kunnen lopen, we willen op dat moment gezien en gehoord worden."

Frustraasje

Dat dizze jongelju langer yn de nachtopfang bliuwe moatte, soarget foar in soad frustraasje, fertelt begelieder Ilkin Guliyev. "Het is lastig om in de nachtopvang te blijven. Je hebt geen privacy en je moet overdag weer naar buiten, ongeacht het weer."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by Zienn

Yn de nachtopfang yn Ljouwert is op dit momint per nacht plak foar seis jongelju yn in spesjale ôfdieling. Mar om plak te hâlden wolle begelieders en yntervinsjemeiwurkers it leafst sa gau mooglik in trochstreammooglikheid hawwe foar jongerein dy't yn de nachtopfang komt. Mar no is dat dreech.

Guliyev: "Het liefst proberen we dit binnen drie maanden te doen, dat lukt niet altijd. Er zijn te weinig mogelijkheden die dit soort jongens willen en kunnen begeleiden. De doelgroep verandert en er wordt niet goed genoeg mee veranderd."

Fraachtekens

Dit jier is der 3,5 miljoen euro om de dakleazens yn Fryslân oan te pakken. Dêrfan giet hast 1,3 miljoen nei it foarkommen fan dakleazens ûnder jongelju of ferbetterjen fan harren opfang. De fraach is of de 3,5 miljoen echt wat opsmite sil foar de jongerein dy't yn de nachtopfang komt. Kok set hjir syn fraachtekens by. "Daar is eigenlijk nog geen oplossing voor."

Dakleaze-opfang Ljouwert

Jier Oantal Gemiddeld ferbliuw
2018 30 17
2019 62 25
2020 48 39
(Advertinsje)
(Advertinsje)