Net swimme yn De Leijen

20 jul 2012 - 11:04

Foar twa stikken wetter yn Smellingerlân wurde minsken warskôge om dêr net te swimmen of yn te gean. It giet om De Leijen by De Rottefalle en om de fiver yn it Thalenpark yn Drachten. Dy fiver is gjin offisjeel swimwetter, mar hy wurdt wol geregeld kontrolearre. By de lêste kontrôle hat bliken dien dat de E-colibaktearje yn it wetter sit. Dy baktearje is ôfkomstich fan stront fan minske of bist.

Yn it swimwetter fan De Leijen sit blau-alch. Hjir kinne je hûdirritaasje of termklachten fan krije.

(advertinsje)