Kollum: "Urk en Texas"

10 apr 2021 - 08:18

"Der binne nije ûntwikkelingen yn de krisis dy't de wrâld no al mear as in jier yn de besnijing hâldt. Yn it foarste plak hat gûverneur Greg Abbott fan de Amerikaanske steat Texas op 2 maart oankundige dat hy alle maatregels oangeande corona skrasse sil. De minsken yn Texas hoege nearne gjin kapkes mear te dragen. In dei letter naam syn kollega Tate Reeves fan de steat Missisippi dit belied oer.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

De statistiken fan de ôfrûne wiken litte in stadige delgong yn it oantal besmettingen sjen. Texas is mei hast 50.000 coranadeaden swier troffen, sawat trije miljoen minsken binne oant no ta mei it firus besmet rekke.

De gûverneur jout in tige Amerikaanske reden foar syn ferrommingen: it firus rekket de minsken ekonomysk sa hurd, dat it neffens him net langer sa kin. Texas moat iepen. De nije presidint Biden hat de maatregels skerp feroardiele, hy neamde it beslút 'tinken as in neandertaler'. Gûverneur Abbott reagearre as troch in wesp stutsen, troch te sizzen dat ûnder it belied fan Joe Biden yllegalen út Meksiko dy't mei covid-19 besmet binne, yn Texas loslitten wurde.

It loslitten fan de maatregels yn Texas stiet net op himsels. Yn Florida wurde de maatregels oangeande de kapkes hast net neilibbe, filmkes fan folle strannen en terrassen mei feestfierende minsken binne oeral te finen. It liket der op dat de rek der stadichoan by in groeiende groep minsken wat út is.

Dizze wike kaam yn it nijs dat de upper ten fan Frankryk harren ek al net al te folle mear fan de regels oanlûkt. Yn djoere restaurants yn Parys jilde oare regels foar de minsken mei jild. Dan kin der lekker iten wurde, binne de kapkes nergens mear te sjen en tútsje de Frânsen op inoar om as hie der nea corona west.

De argewaasje tusken boargers en oerheid, dy't yn Frankryk histoarysk besjoen altyd al grut wie, wurdt der op dizze wize allinnich mar feniniger troch. Boppedat, as jo as jongerein yn eigen lân Frankryk net terjochte kinne foar in feestje, kinne je gewoan nei Madrid ta gean. De Spaanske haadstêd docht ek net folle oan beheinings, des te mear oan feestfiere.

Wat dat oanbelanget hat demisjonêr premier Mark Rutte neat te kleien oer de trochsneed Nederlanner. In oantal wiken lyn kleure it grutste part fan de brave boarsten syn VVD-rûntsje read, se binne syn skandalige rol yn de taslagge-affêre al hast wer ferjitten en syn ligerij oer Pieter Omtzigt wurdt sa stadichoan ek al wer wat dizenich. Boppedat sil er, as se it him oer in skoftsje freegje, it himsels net mear foar de geast krije kinne. Dat is in nuttich gebrek as politikus.

Myn hoop yn bange dagen is rjochte op Urk. Ja, jim hearre it goed. It ferdomhoekje fan Nederlân, eltsenien hie der in miening oer en dy wie/is meastentiids net al te posityf. Mar Urk slacht miskien wol hiel hurd al syn kritikasters yn it gesicht, dy kâns is oanwêzich. It blykt nammentlik dat Urk fan ien fan de grutste brânplakken fan Nederlân samar feroare is yn it doarp dêr't hast gjin coronabesmettingen mear binne.

Bloedbank Sanquin sil no ûndersykje oft Urk in foarbyld fan in doarp is, dêr't him groepsymmuniteit foarme hat. Stel no, dat de útkomst fan dat ûndersyk posityf is. Wat soe dat goed nijs wêze. Ek foar Texas. Dan wurdt posityf, sa as normaal, wer as posityf útlein en negatyf skoppe we yn it ferdomhoekje. Dêr't it heart."

(Advertinsje)
(Advertinsje)