Henk de Jong jout lang om let ta: "It moat no wol hiel raar rinne, wolle we it net oprêde"

09 apr 2021 - 23:21

SC Cambuur hat freedtejûn mei de oerwinning op FC Den Bosch (5-3) wer in hiele grutte stap set rjochting promoasje nei de earedifyzje. Sels trainer Henk de Jong kin der net mear omhinne dat it heechste nivo no wol hiel tichteby is. "It moat no wol hiel raar rinne, wolle we it net oprêde", sei de De Jong nei ôfrin.

Henk de Jong nei FC Den Bosch - SC Cambuur

Cambuur stie al frij gau mei 0-2 foar, mar Den Bosch kaam yn de earste helte noch werom nei 2-2. Ek yn de twadde helte waard de 2-3 foarsprong wer lyklutsen troch de thúsploech. "Misschien doordat je op voorsprong komt, gaat er toch weer onbewust een beetje concentratie vanaf. Daardoor krijg je hem toch nog een keer tegen. Maar ik denk dat we al met al goed terug hebben gevochten en een knappe overwinning hebben geboekt uiteindelijk", seit oanfaller Ragnar Oratmangoen dêroer.

Hy skoarde freedtejûn twa kear, mar hie eins noch in kear skoare moatten. Op slach fan rêst kaam de oanfaller each yn each mei de doelman fan Den Bosch, mar hy woe it te moai ôfmeitsje. Ut de tsjinoanfal dy't dêrút kaam, skoarde Den Bosch. "Ik heb het nog niet teruggezien. Ik hoorde van Antonia ook dat hij vrij was. Dan moet ik daar een betere keuze maken. De keuze die ik nu maakte was niet de beste. Ik had hem hard in de hoek moeten schieten", seit Oratmangoen.

"Ragnar Oratmangoen moat him ôflizze nei Antonia. Dan is it 1-3. Dat moatst witte. Gelokkich sjit hy him yn it lêst binnen, want Korte stiet der dan ek hiel goed foar. Dat moatte we wol leare", seit trainer De Jong oer dy situaasje.

Ragnar Oratmangoen nei FC Den Bosch - SC Cambuur

De coach hat ûnder de wedstriid gjin tel rêstich op de bank sitten. "It giet no echt om it sportive, mar it giet ek om miljoenen. It giet om ús klup en it fierder ûntwikkeljen fan de klup, it nije stadion, spilers ûntwikkelje. Dêr moatst boppe-op sitte. Ik genietsje dan net. Ik genietsje nei de wedstriid wol. En ik genietsje ek wolris fan it fuotbal, mar ik bin altyd alwer dwaande mei it folgjende", seit De Jong.

It folgjende liket no promoasje nei de earedifyzje. Dat kin De Jong noch mar kwealik leauwe. "Unfoarstelber", seit De Jong. "It is begûn mei de teloarstelling en dat de supporters allegearre yn it stadion kamen mei de auto's. De steun dy't we krigen. Earst hiene we der wat lêst fan, mar doe hawwe we fuort sein: no moatte we ophâlde. No moatte we fierder, want oars steane we mei de winterstop op it achtste plak. No stiene we by de winterstop boppe-oan en oant no ta noch hieltyd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)