Oerwinning yn doelpuntespektakel bringt Cambuur noch tichter by promoasje

SC Cambuur is wer in grutte stap tichterby promoasje nei de earedifyzje. Op besite by hikkesluter FC Den Bosch waard freedtejûn mei 5-3 wûn.
© Orange Pictures
Al nei fjouwer minuten kaam de koprinner fan de Keuken Kampioen Divisie op foarsprong. Doelman Wouter van der Steen reagearre net goed op in skot fan Ragnar Oratmangoen, wêrtroch't it al betiid yn de wedstriid raak wie.
Hast tweintich minuten letter krige Issa Kallon in penalty, nei't hy nei in flugge sprint ûnderút helle waard troch in Den Bosch-ferdigener. Robert Mühren benutte dat bûtenkânske, wêrmei't hy syn eigen kluprekôr oanskerpe nei 32 doelpunten yn ien seizoen.

Den Bosch komt werom

De moraal fan de thúsploech wie dêrmei lykwols noch net brutsen. Nei 36 minuten makke Romano Postema fia in rebound de oanslutingstreffer. Keeper Sonny Stevens koe in ynset fan Frank Sturing yn earste ynstânsje noch wol knap keare, mar hie gjin antwurd op it skot fan tichteby fan Postema.
Op slach fan it skoft kaam de hikkesluter sels op likense hichte. Cambuur hie mei de twadde fan Oratmangoen eins op 3-1 komme moatten. Hy woe it each-yn-each mei Van der Steen lykwols te moai dwaan, wêrtroch't Den Bosch yn de oanfal koe. Dy oanfal waard fersulvere troch Dhoraso Moreo Klas: 2-2.

Doelpuntespektakel

Den Bosch hat allinnich yn it skoft genietsje kinnen fan de likense stân, want al nei tritich sekonden yn de twadde helte kaam Cambuur wer op foarsprong. Michael Breij seach syn skot mei in hiel soad gelok binnenfalle.
Mar ek dy tik koe Den Bosch wer ferwurkje. Ald-Hearrenfeanspiler Jizz Hornkamp makke der in kertier foar tiid 3-3 fan. Op 'e nij reagearre Cambuur lykwols direkt. Diskear mei Nick Doodeman, dy't mei syn earste goal foar de Ljouwerters Cambuur op foarsprong brocht. Oratmangoen besliste yn de blessueretiid de wedstriid: 5-3.

Promoasje

Mei de oerwinning stiet koprinner Cambuur no trettjin punten foar op nûmer trije Almere City, dy't noch wol in wedstriid tegoede hat. Dy wedstriid, tsjin Telstar, wurdt moandei spile. As Almere dy wedstriid net wint, dan soe Cambuur yn it folgjende wykein al promovearje kinne.
FC Den Bosch - SC Cambuur 3-5 (2-2): 4' 0-1 Ragnar Oratmangoen, 23' 0-2 Robert Mühren (penalty), 36' 1-2 Romano Postema, 45' 2-2 Dhoraso Moreo Klas, 46' 2-3 Michael Breij, 74' 3-3 Jizz Hornkamp, 77' 3-4 Nick Doodeman, 90+1' 3-5 Ragnar Oratmangoen.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten (87' Kramer), Bangura; Breij (76' Ter Heide), Hoedemakers, Oratmangoen; Antonia (73' Doodeman), Mühren, Kallon (87' Korte).