Spitse mei Oranje yn oefenynterlân ûnderút tsjin Spanje

09 apr 2021 - 21:14

De Nederlânske fuotbalsters hawwe freedtejûn in oefenynterlân mei 1-0 ferlern fan Spanje. Yn Marbella toanden de Spaanske fuotbalsters harren dúdlik de meardere fan Oranje, al wisten se mar ien kear te skoaren, yn de earste helte fia Patricia Guijarro. Sherida Spitse spile de hiele wedstriid. Loes Geurts en Sisca Folkertsma bleaune de hiele wedstriid op de bank.

Foto: Orange Pictures

Oranje spile de oefenynterlân yn Marbella yn tarieding op de Olympyske Spelen yn Tokio. Tiisdei spylje de fuotbalsters fan bûnscoach Sarina Wiegman yn Nijmegen tsjin Australië.

(Advertinsje)
(Advertinsje)