Linda Slagter (CNV Vakmensen) oer staking frachtweinsjauffeurs: '3,5 prosint derby'

09 apr 2021 - 20:56

Fakbûnen FNV en CNV roppe alle meiwurkers yn de sektor 'beroepsgoederenvervoer' op om moandei it wurk foar 24 oeren del te lizzen. Wurknimmers en wurkjouwers kinne it al lange tiid net iens wurde oer in nije CAO foar ûnder oaren frachtweinsjauffeurs en pakketbesoargers. Linda Slagter fan Ljouwert is ûnderhanneler foar it CNV. "Wij zien geen reden om akkoord te gaan met een schamele loonsverhoging."

In frachtwein op de A7 - Foto: Google Street View

Yn de nije CAO, dêr't no moandei it wurk foar dellein wurdt, moat in leansferheging fan 3,5 prosint komme, fine se by it CNV en FNV. "De huidige situatie is dat de werkgever 2 procent biedt en lastig wil praten over de zwaarwerkregeling. Dat houdt in dat chauffeurs en logistiek medewerkers eerder stoppen met werken", seit Linda Slagter fan it CNV. "Verder zouden we graag een standkachel en een standairco in de auto's willen, want als men overnacht kan het heel erg heet of heel erg koud zijn"

Mar de wurkjouwers yn de sektor tinke oars oer saken as it ferheegjen fan it lean. Sy wolle net yn de easken meigean om't se fine dat corona harren sektor hurd troffen hat.

"Schamele loonsverhoging"

Dochs seit Slagter dat dat net werom te sjen is. De falliseminten yn de transport binne leger as yn foargeande jierren. "Vanaf 2020 groeit het aantal werkgevers, groeit het aantal vacatures en werknemers in de sector ook, en er zijn meer NOW aanvragen. Dus wij zien geen reden om akkoord te gaan met een schamele loonsverhoging."

De oanmeldingen foar de staking streame yntusken binnen by de fakbûnen. Neffens Slagter sil de staking de kommende moandei hoe dan ek te fernimmen wêze sil. "De gehele transport en logistiek zal er wat van merken: de pakketten, de supermarkten, de bouwmarkten, de bouw zelf, chemie." Dochs ferwachtsje se by it CNV wol dat der begryp is foar de minsken yn de transportsektor.

Linda Slagter fan it CNV

(Advertinsje)
(Advertinsje)