Slim ûngelok op N353 by Aldeberkeap: ien persoan swierferwûne

09 apr 2021 - 20:32

Op de Noordwolderweg by Aldeberkeap is freedtejûn krekt foar acht oere in auto frontaal op in beam botst. De bestjoerder fan de auto kaam troch de klap yn de greide neist de dyk telâne en rekke swierferwûne.

Foto: De Vries Media

De brânwacht, plysje, ambulânse en in traumahelikopter kamen teplak om help te ferlienen. De N353 tusken Aldeberkeap en Sânhuzen is ticht foar al it ferkear. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Aldeberkeap N353
(Advertinsje)
(Advertinsje)