Fakkeltocht mei likernôch hûndert minsken yn sintrum fan Drachten

09 apr 2021 - 20:19

Yn it sintrum fan Drachten hat freedtejûn in fakkeltocht west mei likernôch hûndert minsken. Wêrom't de minsken meirinne is ûndúdlik. De tocht gie om 19.30 oere fan start by it gemeentehûs.

Op ien fan de spandoeken stiet "geen geweld, geen lockdown, geen big reset maar wel vrijheid en liefde". De plysje begeliedt tegearre mei de hanthavening de fakkeltocht. De rûte giet troch it sintrum fan Drachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)