Gemeente Noardeast-Fryslân moat miljoenen besunigje

De finânsjes yn de gemeente Noardeast-Fryslân binne net hoopfol te neamen foar de kommende jierren. Der driget in tekoart fan minimaal 7,7 miljoen euro yn 2025 as de plannen en it reguliere ûnderhâld yn de gemeente trochgean moatte en der net besunige wurdt. Dat docht bliken út in dokumint dat RTV NOF yn hannen hat.
© RTV NOF
It saneamde Integraal Huisvestingsplan foar it skoalbehâld, behear fan de diken, de keunstwurken, de ûnwissichheid yn de jeugdsoarch en it opnij ykjen fan it gemeentefûns drukke bot op de begrutting.

Tekoart hast 8 miljoen

As de plannen fan de gemeente trochgeane, driget der yn 2025 in tekoart fan 7.764.000 euro. It tekoart is net perfoarst driigjend te neamen, mar dan is ek de algemiene reserve 'opbrând'. Dy soe sûnder yn te gripen komme op -564.000 euro yn it jier 2025 en dat mei net neffens de wet. Dêrtroch wurdt it tekoart dus just wol driigjend. Yn de algemiene reservepot siet sa'n 16 miljoen euro oan Enecojilden.

Besunigingen

Yn de berekkeningen dy't ein maart yn in besletten gearkomste oan de gemeenteried foarlein binne, wurdt wol dúdlik dat der (grutte) besunigingen nedich binne. Watfoar besunigingen dat binne, is noch net te sizzen. Dat komt mei, om't yn de berekkeningen noch gjin dúdlikheid is om de coronakrisis hinne en de neisleep dêrfan. Nei alle gedachten wurde dêrtroch de kosten de kommende jierren noch folle heger. Ek is yn de foarleine berekkening it grienûnderhâld út de saneamde Kapitaalgoederen, dêr't de ried tongersdeitejûn oer ynformearre waard, noch net meinommen.

Wat binne de gefolgen?

It miljoenetekoart soe betsjutte kinne dat skoallen yn stee fan nijbou, mar foar in part opknapt wurde kinne, sadat der jild besparre wurdt. Ek soene diken fan 'e hân dien wurde kinne, of minimaal ûnderhâlden wurde moatte. Dêrneist binne der noch in soad ûnwissichheden oer wat der út it gemeentefûns komme sil yn de kommende jierren.
Yn de berekkeningen stiet dat yn de takomst Noardeast-Fryslân struktureel meardere miljoenen, mei op syn meast 3,2 miljoen euro, yn it jier misrint út Den Haag wei.
De gemeente wie freedtemiddei net berikber foar kommentaar.