Bestjoerskundige Osinga: "Lokale polityk kin wat leare fan politike gaos yn Den Haag"

Gemeenteriedsleden, ek yn Fryslân, kinne in soad leare fan de politike gaos yn Den Haag. Neffens bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie yn Ljouwert, is de diskusje oer macht en tsjinmacht ien dêr't ek lokale politisy wat fan opstekke kinne.
Lanlik is feitlik de Twadde Keamer it heechste orgaan, dus ek de macht, en op lokaal nivo is dat de gemeenteried. De praktyk is faak oars, riedsleden dogge dat wurk derby en krije te min amtlike stipe. Dêr komt noch by dat gemeenten der de lêste jierren folle mear taken by krigen ha.
Dochs moat de demokratyske sizzenskip werom nei de minsken dy't it tichtst by de kiezers steane, seit Osinga. Lokaal is dat de gemeenteried, provinsjaal de Steaten, en lanlik de Twadde Keamer.