Johnny Jansen foar noardlike derby tsjin FC Groningen: "It moat effektiver"

Johnny Jansen hat it mei dikke letters op it boerd skreaun: "Effektiviteit". Dêr waard dizze wike by Hearrenfean foaral oer praat. Want der waard dan wol ferlern fan Ajax, mar der hie absolút mear ynsitten. Fia Henk Veerman en Mitchell van Bergen krige de ploech wol kânsen, mar nei 90 minuten stapten de spilers nei de 1-2 nederlaach teloarsteld fan it fjild.
Johnny Jansen sjocht foarút op de wedstriid tsjin FC Grins
Johnny Jansen: "Ik baal er elke keer weer van dat we onze mogelijkheden niet hebben benut. Want daar gaat het uiteindelijk om. We staan goed te verdedigen en we krijgen onze mogelijkheden en dat gaat het er om wat je ervan benut. Het moet effectiever!"

Arjen Robben by Grins?

Wylst der by Hearrenfean praat wurdt oer it benutten fan de kânsen, giet it yn Grins allinnich mar oer Arjen Robben. De 96-fâldich ynternasjonal traint al in pear wiken folle bak mei en it momint dat hy syn rentree makket, komt hieltyd tichterby. Robben mei sels it momint bepale wannear't hy fit genôch is om opnommen te wurden yn de wedstriidseleksje. Jan Paul van Hecke soe it moai fine as Robben tsjin Hearrenfean ynfalle soe.
Op het schoolplein wilden mijn vriendjes altijd Arjen Robben zijn en dan was ik Jaap Stam, haha!
Jan Paul van Hecke
Van Hecke: "Dat zou heel leuk zijn, al hoop ik wel dat ie het dan even rustig aan doet. Hij is voor mij de beste Nederlandse speler die ik ooit gezien heb. Als kleine jongen heb ik voor hem gejuicht. Op het schoolplein wilden mijn vriendjes altijd Arjen Robben zijn en dan was ik Jaap Stam, haha. Nee hoor, ik wilde ook Robben zijn", laket Van Hecke.
Jan Paul van Hecke oer Arjen Robben
SC Hearrenfean hat al 10 útwedstriden op rige net mear wûn. De lêste kear dat dat barde wie op 1 novimber 2020, de útwedstriid tsjin Sparta. De lêste trije útwedstriden tsjin respektyflik AZ (3-1), PEC Zwolle (4-1) en Willem II (3-1) gienen allegearre ferlern.
Pawel Bochniewicz is der tsjin FC Groningen net by, de Poalske ferdigener foel tsjin Ajax út mei in ankelblessuere en hat dizze wike net meitraint. Jansen hopet dat Bochniewicz der oer twa wiken tsjin PEC Zwolle wer by is.
Earder dit seizoen spile Hearrenfean mei 1-1 lyk tsjin de Grinzers. De ploech fan Danny Buijs stiet sechsde en binne al hast wis fan it meidwaan oan de play-offs.

'Zij kunnen als team knokken, strijden en bikkelen'

Jansen: "Het vechten en het strijden als team, dat hebben ze echt voormekaar. Misschien hebben wij op sommige plekken wel specialere spelers, maar zij kunnen als team echt knokken, strijden en bikkelen om een resultaat binnen te halen."
Van Hecke: "Qua spel en qua team is er niet veel verschil, maar Groningen is wel een heel stabiele ploeg. Ze spelen lang niet altijd even goed, maar halen wel veel punten binnen. Waar wij de punten laten liggen, daar trekken zij ze wel over de streep."
De wedstriid FC Groningen - SC Hearrenfean is sneintemiddei om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân yn it programma Snein yn Fryslân.