Minister bliuwt derby: stroomkabel rint aanst ûnder Skiermûntseach troch

09 apr 2021 - 18:28

Foar it oanlizzen fan in stroomkabel, om stroom fan in wynmûnepark yn de Noardsee nei de Eemshaven yn Grinslân te bringen, giet de foarkar noch altyd út nei in rûte ûnder Skiermûntseach troch. Dat skriuwt minister Bas van 't Wout fan Ekonomyske Saken yn in brief oan de Twadde Keamer. Bewenners fan it eilân hiene noch hope dat de minister oars beslute soe.

Foto: Omrop Fryslân

De kabel moat oanlein wurde troch netbehearder Tennet. Neffens de tsjinstanners hat dat grutte gefolgen foar de natuer en de feiligens. Yn de brief oan de Keamer skriuwt de minister dat hy begrypt dat der "in de regio zorgen leven over dit tracé, zowel bij natuurorganisaties, landbouw, de visserij en individuele grondeigenaren. In het vervolgtraject blijf ik daarom met al deze partijen in gesprek om te zorgen dat het uitgewerkte tracé zo optimaal mogelijk is." Neffens de minister is it beslút, om de stroomkabel ûnder Skiermûntseach troch te lizzen, naam 'in een zorgvuldig proces met de regio'.

It definitive beslút oer de eksakte rûte foar de stroomkabel wurdt ein 2021 ferwachte. Tsjin dy tiid sil Tennet ek de fergunningen oanfreegje. Yn 2022 leit der dan in ûntwerpbeslút, dêr't elkenien op ynsprekke kin.

Eilanners benaud

De eilanners binne benaud dat it net bliuwt by de elektrisiteitsferbining dy't no oankundige is. Dy bestiet yn de praktyk net út ien, mar út twa kabels. Ien is net genôch is om alle stroom fan it wynmûnepark oan lân te bringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)