José van der Veen fan Burgum as assistint-coach turnploech nei de Spelen

José van der Veen fan Burgum giet as assistint-coach fan de frouljusturnploech nei de Olympyske Spelen fan Tokio. Dat hat it turnbûn freedtemiddei bekend makke. It coachingsteam bestiet fierder út bûnscoach Bram van Bokhoven en de Amerikaanske assistint-coach Aimee Boorman.
© Shutterstock
De Nederlânske turnsters dy't dielnimme oan de Spelen sille sûnder harren eigen coaches nei Tokio ôfreizgje. Dat beslút hâldt ûnder mear yn dat Sanne en Lieke Wevers net begelaat wurde troch harren heit Vincent Wevers. De turnsters kinne bûten de sintrale trainingen om wol gewoan mei harren eigen coaches wurkje.
It beslút is in gefolch fan de misstannen dy't ferline jier oan it ljocht kamen yn it frouljusturnjen. Der rint in ûndersyk nei in tal no noch aktive coaches. De útslach dêrfan komt ein april.