Sel easke tsjin âld-ynwenner fan Drachten (35) fanwegen ûntucht mei famke (14)

It Iepenbier Ministearje hat freedtemiddei 18 moanne sel easke tsjin in 35-jierrige âld-ynwennner fan Drachten. Hy wurdt derfan fertochte dat hy yn 2017, tegearre mei in oare man, twa famkes fan 14 mei nei in wenning in Drachten meinaam hat. Ien fan har soe ien fan de famkes ferkrêfte ha, de oare man soe oare ûntucht mei har plege ha.
Rjochter © Shutterstock.com
De famkes wiene fuortrûn fan hûs. Yn de nacht fan 26 op 27 july soene se troch de manlju meinaam wêze. De famkes wiene dêrby drogearre. Yn de wente waard ien fan de famkes ferkrêfte yn 'e dûs.
Foar de ferkrêfting is neffens justysje gjin bewiis, foar de ûntuchtige hannelingen wol. De fertochte wie net by de saak. Hy ûntkent dat er it famke misbrûkt hat. De rjochtbank docht op 23 april útspraak yn de saak.