FIDEO: Dizze mannen binne by alle trainingen fan Cambuur, mar se meie it stadion net yn

Foar supporters fan Cambuur is it lestich: promoasje nei de earedifyzje komt alle wiken tichterby, mar de tribunes bliuwe leech. Wedstriden moatte spile wurde sûnder publyk, mar by alle trainingen is der in fêst groepke supporters dat komt te sjen, ek al meie se fanwege de maatregels tsjin it coronafirus it stadion net yn.
Sjoch hjir nei de mannen by it stek