Gemeente Dantumadiel ferdûbelet jefte-noarm foar minsken yn de bystân

09 apr 2021 - 16:30

Minsken yn Dantumadiel dy't yn de bystân sitte, meie jierliks jeften krije oant maksimaal 1.200 euro. Dat is in ferdûbeling fan it âlde bedrach. De gemeenteried is dêr akkoart mei gien, nei in moasje fan de FNP en Sociaal Links.

Foto: Pixabay

De twa partijen ha de saak oankaarte, neidat der gefallen oan it ljocht kamen fan minsken yn de bystân dy't grutte bedraggen werom betelje moasten. Dat gie om jeften fan bygelyks famylje, dy't de boadskippen foar har betellen. De ferromming yn Dantumadiel giet mei weromwurkjende krêft yn, fan 1 jannewaris ôf.

Trefwurden: 
Dantumadiel bystân
(Advertinsje)
(Advertinsje)