Skûtsjeskippers melde harren massaal oan foar IFKS

09 apr 2021 - 16:30

It is noch mar de fraach oft der dizze simmer syld wurde kin, mar dat de skûtsjeskippers neat leaver wolle, docht bliken út it tal oanmeldingen dat de IFKS binnen krigen hat. Mei 63 skûtsjes is de float hast like grut as dy fan 2019, mar der binne wol wat wizigingen.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De skippers hiene oant 1 april de tiid om harren oan te melden. De IFKS stiet pland foar de wike fan 7 oant en mei 14 augustus. Om't it lêste kampioenskip yn 2019 holden waard - fanwegen de coronakrisis gie it kampioenskip ferline jier net troch - ha wy de belangrykste feroaringen yn de float op in rychje set.

De float fan de famylje Heerschop

Hy sylde al sûnt 2003 mei de Wylde Wytse, mar Sikke Heerschop fûn in oar skûtsje yn Ingelân en wol dêr de kommen jierren op fierder. It skip hat de tapaslike namme 'Ingelskman' krigen. Soan Wytse Heerschop, oant no ta skipper op de Woeste Ånne, nimt de Wylde Wytse oer, mar brûkt de wikseling foar in lyts earbetoan oan heit Sikke: it skûtsje hjit no 'Us heit'. Dat betsjut dat de Woeste Ånne foar de kant komt te lizzen. Foar de leafhawwer: hy stiet te keap.

Gjin frouljusskûtsje mear

It skûtsje dat fjouwer jier lang folslein troch froulju syld waard, docht net langer mei oan de IFKS. Skipper Alisa Stekelenburg makke nei it kampioenskip fan 2019 bekend dat it team ophâldt om mear tiid foar oare saken oer te hâlden. "We soenen dit foar fiif jier dwaan, mar it kostet in soad tiid en ik wol ek graach mei myn hús oan de gong. Mar we hawwe wis in prachttiid hân", fertelde Stekelenburg doe.

Team Emanuel fierder op de Drie Gebroeders

De Emanuel, it skûtsje wêr't skipper Merijn Olsthoorn yn 2017 kampioen mei waard, ferdwynt út de float. Ek de skipper sels makke ein 2019 bekend op te hâlden mei de IFKS. Aeger van der Hoeff nimt it helmhout fan him oer, mar dat wurdt wol it helmhout fan de Drie Gebroeders.

IFKS Grutte-A skûstje Drie Gebroeders - Foto: IFKS

Dit Gordykster skûtsje promovearre yn 2019 fan de C-klasse nei de B, doe noch mei Harmen Brouwer oan it roer. Mar Brouwer en syn bemanningsleden binne yntusken oerstapt nei de SKS. Dêr sille se mei skûtsje de Jonge Jan Langwar fertsjinwurdigje.

Eigen skûtsje foar Ychtenbrêge

Ek skipper Walter de Vries, yn 2019 noch fierde yn it einklassemint fan de A-klasse, hâldt der nei 17 jier IFKS mei op. Dat betsjut dat skûtsje De Goede Verwachting in nije eigener kriget en Ychtenbrêge lang om let syn eigen skûtsje. De Goede Verwachting komt dit jier, ûnder de namme De Trije Doarpen, net allinnich út foar Ychtenbrêge, mar ek foar Ychten en Dolsterhuzen. It helmhout leit yn hannen fan Henk Regts, dy't nei syn promoasje yn 2019 útkomme mei yn de B-klasse.

Jelle Los dochs skipper fan de Grutte Pier

Eigener en skûtsjeskipper Lucas Bouma ferkocht yn de hjerst fan 2019 syn Grutte Pier oan Catrinus Sandstra út Boalsert. Dy hat âld-IFKS'er Jelle Los oansteld as skipper. Dêrmei nimt hy in finansjeel risiko. Los wie nammentlik yn 2010 en 2011 ek skipper op de Grutte Pier. It skûtsje wie doe noch fan Sikke Heerschop.

Grutte Pier - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Troch in grut saaklik skeel tusken beide mannen hat Heerschop eartiids in kettingbeding yn it keapkontrakt fan it skûtsje sette litten. Dat is in ûnderdiel fan it kontrakt dat oer giet fan keaper op keaper. Yn it kettingbeding stiet dat nea wer ien fan de Los-famylje op it skûtsje komme mei. Bart dat wol dan moat de eigener in jildboete fan 2500 euro per kear betelje. Yn dat gefal giet it jild nei de IFKS.

Makkumer Zes Gebroeders wurdt Eeltje Baas

Ofrûne simmer ferstoar tige hommels Eeltje Kuperus, heit fan skûtsjeskipper Klaas Kuperus. Eeltje wie mei-eigener fan it Makkumer skûtsje Zes Gebroeders en gie noch alle jierren mei syn soan mei oan de trim. Klaas: "De bemanning neamde myn heit altiten 'Eeltje Baas'. Dêrom ha we besluten it skip om te doopjen." Fan dit jier ôf hjit it skûtsje dan ek 'Eeltje Baas'.

IFKS - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS
(Advertinsje)
(Advertinsje)