Bysûndere bylden fan it Fries Film Archief: Prins Philip nimt it op tsjin Fryske hynders
Op de dei fan it ferstjerren fan de Britske prins Philip, bringt it Fries Film Archief bylden nei bûten, dêr't op te sjen is dat er it yn in menwedstriid opnimt tsjin in fjouwerspan Fryske hynders. De wedstriid wie yn de tún fan Windsor Castle, earne yn de jierren santich. It span Fryske hynders wie fan fjouwerspanmenner Leo Kraaijenbrink. Hy helle it fiifde plak yn de wedstriid, en einige dêrmei foar it span fan prins Philip.
De bylden binne makke troch Hans van der Hoek, regisseur by Bastion Filmproducties.