Reedriders kinne har fan 5 july ôf op Thialf tariede op Olympyske Spelen

09 apr 2021 - 15:35

Yn oanrin nei de Olympyske Winterspelen fan 2022 kinne de Nederlânske reedriders dizze simmer traine op Thialf. It reedrydbûn KNSB hat hjir mei de direksje fan it iisstadion in akkoart oer sletten. Riders kinne fan 5 july ôf traine op it saneamde 'simmeriis'. Dat is trije wike earder dan ôfrûne jier. Ek de shorttrackers falle ûnder de ôfspraken.

Foto: Orange Pictures

"Het is goed dat onze topsporters enkele weken extra hebben om zich in eigen land, op vertrouwd ijs te kunnen voorbereiden op het olympisch seizoen", seit Remy de Wit. Hy is technysk direkteur by it KNSB. "Nog belangrijker is dat we met zijn allen bijtijds duidelijkheid hebben, zodat alle teams een optimale planning kunnen maken."

Marc Winters, direkteur fan Thialf, is bliid mei de útkomst fan it oerlis: "In goed overleg hebben we nu vlot afspraken kunnen maken over het zomerijs. Dit is ook precies hoe we dit in de toekomst willen doen: met onze topsportpartners vroegtijdig structurele afspraken maken. Niet alleen voor het zomerijs, maar topsportijs voor het gehele seizoen."

Trefwurden: 
reedriden simmeriis Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)