Ljouwerter jongerein dielt soargen oer mentale sûnens mei gemeenteried

Jongeren yn de gemeente Ljouwert meitsje har soargen oer har eigen mentale sûnens, mar ek dy fan leeftiidsgenoaten, yn coronatiid. Sa'n 500 jongeren follen dêroer in fragelist yn dy't de gemeenteried ferspraat hie. De ried giet takom woansdei yn petear mei de jongerein.
© Shutterstock.com / fizkes
De measte reaksjes komme fan studinten fan NHL Stenden, Friesland College en Friese Poort. Sy sizze dat harren sosjale kontakten it meast ûnder druk stien ha yn it ôfrûne jier. En dat wylst út antwurden bliken docht dat jongeren just it moetsjen fan nije minsken en it meitsjen fan nije freonen hiel wichtich fine.
Ut de enkête docht bliken dat de measte jongeren harren oan de jûnsklok hâlde ("ik probeer mij eraan te houden maar red het niet altijd"), mar ek dat mear as de helte ôf wol fan de jûnsklok.
Oer de oare coronamaatregelen binne de mieningen ferdield. Wol wolle de jongerei graach wer dat skoallen folslein iepen gean. Se roppe de ried dan ek op om kreatyf te wêzen: "Zie het als een spannende uitdaging om te kijken hoe bepaalde dingen wel weer kunnen!"