Mei de camper op fakânsje yn eigen lân: "Minder Duitsers, meer Nederlanders"

09 apr 2021 - 14:22

Sa't it no liket, giet Nederlân dizze simmer massaal mei de camper op paad yn eigen lân. De ferkeap fan campers en caravans sit dúdlik yn 'e lift, en dat betsjut goed nijs foar de ferskate camperplakken yn ús provinsje, bygelyks Stoutenburght fan Anton en Karin Koning yn Blesdike.

Mei de kamper op fakânsje yn eigen lân

It pear hie altyd al in camper, en is yn 2015 sels begûn mei in camperplak. It is ferneamd nei it kasteel Stoutenburght, dêr't gasten in rûnlieding krije kinne. Yn 2017 is it plak sels útroppen 'camperlocatie van het jaar'.

Der stean op dizze freed sa'n seis campers op Stoutenburght. Neffens behearder Anton Koning wie dat earder fan de wike oars. "Het is nu rustiger geworden, met het paasweekend zaten we bijna vol. Maar met die sneeuwbuien van deze week zijn veel mensen weggegaan. Maar ik verwacht dat het dit weekend wel weer aantrekt."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar op it camperplak yn Blesdike

Koning fernimt sels ek dat it benammen Nederlanners binne dy't op syn camperplak oernachtsje. "Je merkt met de corona dat mensen in eigen land blijven. We zien dit jaar weinig Duitsers en Belgen. Maar ze komen alsnog overal vandaan, uit heel Nederland maar ook uit Friesland zelf."

Ien fan de campers dy't dizze dei op Stoutenburght stiet, is fan de famylje Mulder út Leerdam. "We hebben een kachel, dus het valt mee hoe koud het is. En dit is ideaal, als we willen kunnen we binnen vijf minuten wegrijden. Dan blijven we ergens één of twee dagen, fietsen we wat, en gaan we weer verder. Heerlijk. We hebben ook het voordeel dat we tot de grijze golf behoren, dus we kunnen buiten de drukke vakanties om ertussenuit. Deze camperplaats is mooi groen, lekker rustig. Je kunt hier mooi fietsen, richting Giethoorn of de bossen. We zullen hier nog wel eens vaker komen."

Jantine Weidenaar yn de camper fan de famylje Mulder út Leerdam

Dochs hat eigener Anton Koning noch gjin ekstra boekingen foar takom simmer, mar dêr is in goede reden foar: "Dit is een originele camperplaats, dat betekent dat je hier niet kan boeken. Je kan alleen bellen op de dag van aankomst. Dan zetten wij een vlaggetje neer dat er een plekje voor je is. Vorig jaar met de corona was het verschrikkelijk druk, we stonden vijf maanden lang bijna helemaal vol. Dus ik weet zeker dat het dit jaar weer druk gaat worden."

Trefwurden: 
caravan camper Blesdike
(Advertinsje)
(Advertinsje)