Acht doarpen los mei priisfraachfaze Waddenkust K(l)eigoed

Acht doarpen yn Noardeast-Fryslân en Waadhoeke krije in útnûging om mei te dwaan oan de priisfraachfaze fan it projekt Waddenkust K(l)eigoed. De doarpen kinne los mei it meitsjen fan in plan om in troch harren oandroegen leechsteand karakteristyk gebou te ferbouwen ta heechweardige oernachtingsakkommodaasje. Uteinlik komme 4 oant 6 gebouwen yn oanmerking foar stipe fan maksimaal 200.000 euro.
© Google Street View
"Ik bin grutsk op dit projekt", fertelt erfgoeddeputearre Klaas Fokkinga. "Ik fyn it unyk dat de doarpsbewenners dit sels sa oppakke en wurkje oan leefberens, rekreaasje en erfgoed."

Selektearre ideeën

Yn de gemeente Waadhoeke giet it om de grifformearde tsjerke yn Seisbierrum en de wettertoer yn Sint-Jabik. Yn Noardeast-Fryslân giet it om de âlde suvelfabryk yn Moarre/Ljussens, it âlde rjochthûs yn Kollum, in pleats yn Lytse Wâld, in leechsteande winkel yn Holwert, in âlde herberch/brouwerij yn Ferwert en it Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard.
Alle doarpen binne troch beide gemeenten yn de gelegenheid steld ideeën yn te tsjinjen. Dêrnei binne de acht by it projekt passende ideeën troch harren foardroegen oan de provinsje.

Profesjonele stipe

By it meitsjen fan de plannen kinne de doarpen rekkenje op profesjonele stipe, lykas fan Kenniscentrum Herbestemming Noord, de Toerisme Alliantie, Ynbusiness en in arsjitekt. Mei de metodyk fan de Dorpsontwikkelingsmaatschappij (DOM) wurkje ynwenners, oerheid en adviseurs gear om in doarp leefber te meitsjen en mei inoar te ûntwikkeljen.
In ûnôfhinklike sjuery kiest ein dit jier hokker fjouwer oant seis plannen subsydzje krije en útfierd wurde kinne. De útfiering is pland yn 2022 en 2023.

Waddenkust K(l)eigoed en Erfgoed Deal

Yn dit projekt wurdt erfgoed ynset foar it yn goede banen lieden fan de effekten fan krimp yn beide gemeenten mei in oanpak 'fan ûnderop'. Fjouwer oant seis leechsteande karakteristike gebouwen wurde ferboud ta heechweardige oernachtingsakkommodaasjes. De gebouwen bliuwe sa beholden én se leverje in bydrage oan de toeristysk-ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet, sa stelt de provinsje.
Waddenkust K(l)eigoed is in projekt út de lanlike Erfgoed Deal dy't ûndertekene is troch oerheden en maatskiplike organisaasjes. Op grûn fan de Erfgoed Deal wurde projekten stipe dêr't erfgoed in bydrage oan de grutte romtlike opjeften yn leveret. Mei de bydragen fan Ryk, provinsje en gemeenten is der foar Waddenkust K(l)eigoed mei-inoar 950.000 euro beskikber.