Freedsmerk oer it iepenjen fan terrassen: "Wat soe der mis mei wêze?"
Al jout it waar der net in soad oanlieding ta; der wurdt in soad diskusjearre oer de fraach oft de terrassen wer iepen kinne. It kabinet soe dy kant wol op wolle, medisy warskôgje dat it net kin, en ûndernimmers sjogge it as in kâns. Op de Ljouwerter freedsmerk doare de measten it wol oan. "Wat soe der mis mei wêze om lekker bûtendoar by inoar te sitte?
Oaren sizze der by dat it wol ferantwurde wêze moat, mar ha wol in soad fertrouwen yn de wize hoe't hoareka-ûndernimmers soks dwaan sille. "Yn de parken is der hielendal gjin tafersjoch en we ha sjoen wêr't soks ta liede kin." Fansels wiene der ek oare lûden: "We moatte earst wachtsje oant der minsken faksinearre binne" en "at medisy sizze dat it ûnferantwurde is, moatte we dêr gefolch oan jaan. De sûnens giet foar!"
"Minsken binne der gewoan oan ta. We seagen dat bygelyks ek yn de Prinsetún doe't it dêr ferline wike sa drok wie. En dy folle sikehuzen, dat kin ek komme om't se inoar thús te folle opsykje. In moeting op in terras is dan krekt better!"
Konklúzje wie trouwens ek dat it waar foarearst al genôch helpe sil om drokte op terrassen foar te kommen.