Roeister Ymkje Clevering nei finale op Europeesk kampioenskip

09 apr 2021 - 13:06

Roeister Ymkje Clevering fan Haulerwyk hat har pleatst foar de finale op it Europeesk kampioenskip. Yn it Italiaanske Varese wûn se yn de fjouwer sûnder stjoerfrou har heat. Ek Jan van der Bij fan Aldegea is troch nei de heale finale yn de fjouwer sûnder stjoerman.

Krekt foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese, Italië - Foto: Merijn Soeters

Clevering wûn mei de Nederlânske boat ek harren heat, yn in tiid fan 6.38,50. Se wiene hast trije sekonden rapper as Grut-Brittannië. Yn it foar wist Nederlân, dat de lêste twa jier Europeesk kampioen waard, net krekt hoe't goed as de Britten wêze soene, omdat dy op it lêste EK troch corona net meidiene. Yn de oare heat wûn Ierlân mei in rappere tiid: 6.36,98.

Snein stiet de finale pland om 13.21 oere.

Ek de boat fan Jan van der Bij helle de heale finale troch de heat te winnen. De Nederlânske boat sette in tiid del fan 6.09,98. Litouwen einige hast twa sekonden efter Nederlân, folge troch Wyt-Ruslân, Dútslân en Oekraïne. Nederlân sette fan alle boaten de rapste tiid del.

Sneon krekt nei 13.00 oere is de heale finale, snein is de finale. Der dogge by de manlju mear boaten mei en dus moatte Van der Bij en syn maten earst noch in heale finale roeie, yn tsjinstelling ta Clevering.

Aletta Jorritsma roeide freed yn de Holland Acht in heat, mar dat gie allinnich om de startposysje yn de finale. De Holland Acht wie al pleatst foar de finale. Yn de heat waard de Holland Acht twadde op fiif sekonden efter Roemenië.

(Advertinsje)
(Advertinsje)