GGD: Benammen mear coronabesmettings ûnder sechstigers

It tal besmettings naam ôfrûne wike ûnder hast alle leeftiidsgroepen ôf, útsein ûnder sechstigers. Dat meldt GGD Fryslân. De sûnentsjinst ropt minsken dy't in útnûging krigen hawwe foar faksinaasje op om gewoan in ôfspraak te meitsjen, nettsjinsteande de negative berjochtjouwing om it faksin fan AstraZeneca hinne.
© Omrop Fryslân
De GGD krijt ynkoarten in grutte foarried Pfizer-faskins. Dy is bedoeld foar 70-plussers.
It tal besmettings yn ferpleech- en fersoargingshûzen en yn de thússoarch naam ôf. Yn it ûnderwiis naam it tal besmettings mei in fiifde ôf. It oantal besmettings yn de leeftiidsgroep 18 oant 30 jier naam ôfrûne wike wol ôf. De groei wie just sterk ûnder sechstigers.

Mear faksin

De ôfrûne wike hawwe 9.250 ynwenners fan Fryslân in faksinaasje krigen by de GGD. De Landelijke Huisartsen Vereniging sei freed benaud te wêzen dat in soad minsken har net faksinearje litte mei it coronafaksin fan AstraZeneca. De GGD krijt de kommende wiken tûzenen ekstra doases Pfizer-faksin en ropt Friezen dy't wannear dan ek in útnûging krigen hawwe dêrom op in ôfspraak te meitsjen.
Der is neffens de sûnenstsjinst folop romte, nettsjinsteande it fuortfallen fan in part fan de AstraZeneca-faksins. It oantal Fryske faksinaasjes komt neffens de GGD yn wike 17 nei ferwachting boppe de 20.000 de wike út.
Trochdat de leveringen op gong komme, kin op nije lokaasjes op It Hearrenfean en yn Frjentsjer (mei yngong fan 12 april) en Dokkum (14 april) fuort flink prikt wurde. Yn totaal binne der no 89.329 prikken set troch de GGD by Friezen. Takom wike krije de minsken fan 69 en 70 jier in útnûging fan it RIVM om in prikôfspraak te meitsjen.

AstraZeneca

Lanlik is besletten minsken jonger as sechstich net mear te faksinearjen mei AstraZeneca. Dat betsjut dat soarchmeiwurkers in oar faksin krije. Hokker faksin dat is en wannear is noch net bekend. De twadde prik, dy't hast gjin kâns op bywurkings jaan soe, giet wol troch.
It faksinearjen troch húsdokters mei AstraZeneca wie net stillein en giet gewoan troch. It giet om de groepen 60 oant 65 jier, minsken mei oergewicht en minsken mei it Syndroom fan Down. De kâns op slimme bywurkings (tromboaze yn kombinaasje mei in tekoart oan bloedplaatsjes) neffens de GGD foar alle leeftiidsgroepen hiel lyts. De foardielen fan it faksinearjen soene dêrom opwaagje tsjin de neidielen, stelde ek it Europees Geneesmiddelenbureau.

Panelûndersyk

Ynwenners fan Fryslân binne neffens de GGD faker bang foar bywurkings fan AstraZeneca (44 persint is benaud) as foar bywurkings fan oare faksins (Pfizer 23 persint, Moderna 27 persint). Dat docht bliken út it alfde panelûndersyk fan GGD Fryslân yn opdracht fan it RIVM. De mearderheid fan de dielnimmers is foar it iepenstellen fan eveneminten foar minsken mei in faksinaasjebewiis (60 persint is foar) of in negatyf testresultaat (63 persint).
It oantal minsken mei rêch-, nekke- en skouderklachten nimt ta. 52 persint hat gjin mear lêst fan as earder, 5 persint hat just minder lêst. Minsken bewege wol wat mear. Yn eardere ûndersiken sei goed 40 persint minder te bewegen, no is dat 35 persint.

Minder tests

Dizze wike hawwe 15.237 Friezen har by de GGD teste litten op corona. Dat binne der minder as de 17.075 fan foarige wike. It fynpersintaazje, it oandiel positive tests fan it totaal oantal tests, naam in bytsje ta, nei 8,5 persint.
Everhard Hofstra fan GGD Fryslân