Earste besiker foar Museumhûs Van Eysinga komt net opdaagjen

Museumhûs Van Eysinga yn Ljouwert gie freedtemoarn as earste museum fan Fryslân wer iepen. Dit as ûnderdiel fan it nasjonale testpogramma om musea, teäters en fuotbalstadions wer te iepenjen foar besikers dy't in negative coronatest sjen litte kinne. Koördinator Femke Feddema en frijwilliger Tineke Schripsema sieten freedtemoarn om 10 oere klear mei kofje om de earste besiker nei in jier wer feestlik te ûntfangen, mar dy besiker kaam net opdaagjen.
Ek it Jopie Huisman Museum mei wer efkes iepen
"Helaas", suchtet koördinator Femke Feddema. In bytsje in antyklimaks is it wol nei de soarchfâldige tarieding fan de ôfrûne tiid. Foar de earste trije testdagen binne der mei-inoar sa'n tritich kaartsjes ferkocht en der is romte foar mear besikers, want it museumhûs mei 72 kaartsjes ferkeapje.
Harkje nei Femke Feddema fan it Van Eysingahûs
Museumhûs Van Eysinga yn Ljouwert © Omrop Fryslân
It Van Eysingahûs hat de Fryske primeur. As iepen monumint is it museum yn dizze proefmoanne as ien fan de earsten oan bar. De oare musea yn Fryslân dy't selektearre binne foar de proef binne it Jopie Huismanmuseum yn Warkum en it Fries Museum yn Ljouwert. Sy hawwe beide harren proefiepening op 19, 20 en 21 april. It Fries Museum mei dan 250 minsken talitte, it Jopie Huismanmuseum 125.
It Van Eysingahûs wie foarhinne ûnderdiel fan it Fries Museum en is no besit fan feriening Hendrick de Keyser. It museumhûs wol graach wat bekender wurde yn Fryslân sels en dêr dizze testiepening foar brûke.