Húsdokters meitsje har soargen oer faksinaasjereewilligens mei AstraZeneca

09 apr 2021 - 12:00

De Landelijke Huisartsen Vereniging is benaud dat der in soad minsken binne dy't har net faksinearje litte mei it coronafaksin fan AstraZeneca, wylst se dêr wol foar yn oanmerking komme. Tongersdei makke minister Hugo de Jonge, op advys fan de Gezondheidsraad, bekend dat it faksin fan AstraZeneca net mear brûkt wurdt by minsken jonger as 60 jier. Foar 60-plussers wurdt it faksin noch wol brûkt.

Húsdokters meitsje har soargen oer faksinaasjereewilligens mei AstraZeneca

Freed wurde de faksins nei húsdokters yn ús provinsje ta brocht. De faksinaasjes foar 60-plussers sette takom wike útein yn Fryslân. Neffens Karin Groeneveld, foarsitter fan de Landelijke Huisartsen Vereniging en sels húsdokter op De Lemmer, is der de lêste wiken in ferkeard byld ûntstien oer AstraZeneca. It Europeesk Geneesmiddelenbureau hat tongersdei fêststeld dat it faksin in seldsume bywurking hat. 1 op de 100.000 kin tromboaze krije as gefolch fan in faksinaasje. Neffens it EMA binne de neidielen in stik lytser dan de foardielen. It faksinearjen giet dêrom troch, mar AstraZeneca mei allinnich brûkt wurde by 60-plussers.

Faksinaasjereewilligens 'bedroevend laag'

Neffens Groeneveld is de faksinaasjereewilligens yn de rest fan it lân "bedroevend laag." Se hopet dat dat foar Fryslân oars is. "Van huisartsen in de rest van het land hoor ik dat zo'n 50 procent niet komt opdagen en dat is zonde. Het gaat om de doelgroep die juist vatbaar is voor covid. Er kunnen nu meters worden gemaakt. Het is zonde dat de berichtgeving het vertrouwen zo omlaag heeft gebracht."

Karin Groeneveld

Wannear't de faksins nei de húsdokters brocht binne, kinne de útnûgingen ferstjoerd wurde nei de minsken dy't derfoar yn oanmerking komme. Groeneveld ropt minsken op om op dy útnûging yn te gean. "Het risico op bijwerkingen is heel laag. Het risico om aan covid te overlijden is vele malen hoger. Alles wat vandaag wordt geleverd, kunnen wij in één week wegprikken. Dat neemt de druk op de ziekenhuizen weg, want juist deze doelgroep kan daar terechtkomen als ze niet worden gevaccineerd."

Karin Groeneveld fan de Landelijke Huisartsen Vereniging

(Advertinsje)
(Advertinsje)