Gerjochtshôf yn filmseal

20 jul 2012 - 09:27

It gerjochtshôf yn Ljouwert hâldt fan augustus ôf tydlik sitting yn in eardere filmseal. Dy is ûnderdiel fan in grut kantoargebou oan de Tesselschadestraat dat earder brûkt waard troch it ministearje fan lânbou. It besteande paleis fan justysje wurdt yngreven ferboud. De sittings moatte trochgean en dêrom is ferfangende romte fûn.

Meiwurkers fan it hôf binne al drok dwaande mei it ynrjochtsjen fan de nije sittingsromte en it ferhúzjen fan guod. Ein desimber moat de ferbou fan it paleis fan justysje klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)