Fryske sikehûzen skale soarch ôf fanwege tanimmende coronadruk

09 apr 2021 - 15:42

Fryske sikehûzen skale de reguliere soarch ôf. Nije wike binne der minder operaasjekeamers beskikber. In wurdfierder fan it sikehûs yn Snits meldt dat de helte fan de operaasjekeamers dan sletten wurdt. Yn it sikehûs fan Drachten wurdt de soarch ek ôfskaald.

Fryske sikehûzen skale soarch ôf fanwege tanimmende coronadruk

Wurdfierders fan de sikehûzen yn Snits en Drachten melde dat it ôfskalen nedich is om genôch coronasoarch leverje te kinnen. Troch operaasjes út te stellen, komt der personiel frij, dat op de intensive care ynset wurde kin.

"Vanuit het Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS) is de opdracht om het aantal COVID-bedden verder op te schalen om zo de te verwachte toename van coronapatiënten uit de regio en indien mogelijk daarbuiten op te kunnen vangen", meldt in wurdfierder fan it sikehûs Nij Smellinghe. "De enige mogelijkheid die wij nog hebben om deze toestroom en de druk op de zorg te kunnen opvangen, is om planbare operaties vanaf maandag 12 april uit te stellen. De twee operatiekamers die nog open zijn, worden alleen ingezet voor urgente ingrepen die niet uitgesteld kunnen worden."

It sikehûs fan Snits meldt dat der by operaasjes altyd in risiko is dat der komplikaasjes binne, dy't derfoar soargje dat de pasjint op de intensive care komt te lizzen. As de operaasje net dien wurdt, is dat risiko der ek net.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Marcel Kuin fan it Antonius sikehûs yn Snits

In wurdfierder fan it sikehûs fan It Hearrenfean meldt dat de soarch dêr al behoarlik ôfskaald is. Fierdere ôfskaling is op dit stuit net oan de oarder, "maar we zien de bui hangen", meldt de wurdfierder, seker no't der ferrommingen yn it foarútsicht steld wurde. De coronabêden dêr binne hast altyd allegearre beset.

It Ljouwerter sikehûs MCL skaalt de coronasoarch wol op: der komme bêden by op de ic, nei in fraach fanút de lanlike stjoergroep, mar neffens in wurdfierder moat dat kinne sûnder de reguliere soarch ôf te skalen. "We moeten het per dag bekijken. Het is heel spannend. Er komt een piek aan."

Ferrommingen fan de maatregels

Wylst yn alle gefallen twa Fryske sikehûzen de soarch fierder ôfskale, wurdt der yn Den Haag praat oer it ferromjen fan de coronaregels. Earder op de dei sei longdokter Wouter van Geffen fan it MCL al dat dat dat te betiid is. "Alles wordt geraakt als je weer een enorme toestroom van patiënten krijgt, die eigenlijk nu nog te vermijden is."

"Je kunt maar op een plek tegelijk zijn. Als ik op de corona-afdeling sta, kan ik niet de longkankerafdeling staan, waar ik normaal het meeste werk verricht. Datzelfde geldt voor mijn collega's en verpleegkundigen van andere afdelingen", seit Van Geffen.

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)