Neist skries wol Fûgelbeskerming no ek har eigen Aanvalsplan Grutto rêde

Vogelbescherming Nederland komt mei in petysje wêryn't se it regear oproppe har Aanvalsplan Grutto út te fieren. Dat plan waard yn novimber oerlange oan minister Carola Schouten, mar dêr wurdt te min mei dien, seit de fûgelbeskerming.
In alarmearjende skries © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It plan is in inisjatyf fan âld-minister Pieter Winsemius, It Fryske Gea, de Friese Milieu Federatie en Vogelbescherming Nederland. It wurdt breed droegen troch oare natuerorganisaasjes, mar ek troch de lânbousektor en seis provinsjes.
It giet min mei de greidefûgelstân en de skries (de nasjonale fûgel) ferdwynt stadichoan út ús lân. En just yn ús lân briedt leafst 80 persint fan de Europeeske populaasje. Dat makket de ferantwurdlikens neffens de partijen grut.

It Aanvalsplan Grutto:

Neffens it plan moatte der spesjale gebieten oanwiisd wurde dêr't de skries en oare greidefûgels har gerak krije kinne. It giet om gebieten fan tûzen bunder, yn de seis provinsjes dêr't de measte skriezen briede, ûnder oare yn Fryslân. It plan is rjochte op 30 grutte greidefûgelgebieten fan elts sa'n tûzen bunder.
No't inisjatyf fan de polityk útbliuwt, komt de fûgelbeskerming sels yn aksje. De organisaasje ropt op ta it tekenjen fan in petysje om derfoar te soargjen dat der dochs wat barre sil.