Plysje siket automobilist nei oanriding yn Ljouwert mei 9-jierrige fytser

De plysje is op syk nei in automobilist dy't freedtemoarn yn Ljouwert yn botsing kaam mei in 9-jierrige fytser. De bestjoerder fan de auto gie fuort sûnder syn gegevens efter te litten.
© Kappers Media
It jonkje ried op in oerstekplak op de krusing fan de Frittemastate mei de Camminghaburg. Hy hie foarrang, mar de automobilist seach him nei alle gedachten oer de holle. Nei de oanriding hold de automobilist stil om by de jonge te sjen. Dêrnei ried er wer fuort, sûnder syn gegevens efter te litten.
De jonge is kontrolearre troch ambulânsepersoniel, mar rekke net ferwûne. Syn fyts rekke wol skansearre. De plysje wol yn kontakt komme mei de bestjoerder en ropt him op him te melden. Ek tsjûgen wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje. It soe gean om in wite Peugeot.