Kontener mei bakoalje út it wetter helle yn Dútslân

09 apr 2021 - 16:10

De kontener mei brûkte bakoalje dy't yn de Noardsee dreau, is yn Dútslân út it wetter helle. Dat meldt de Kustwacht. It is ien fan de fiif konteners dy't woansdei oerboard sloegen fan it skip Baltic Tern. De Dútske autoriteiten bekroaden har om dy kontener nei't dy nei Dútske wetters dreaun wie. De kontener is yntusken oan wâl brocht yn de Eemshaven.

Foto: ProNews

De Baltic Tern hat fiif konteners ferlern boppen It Amelân: ien mei aseton, ien mei bakoalje, ien mei pallets en twa mei houtfezels. In plysjehelikopter fûn de saneamde tanktener mei bakoalje tongersdeitejûn.

Earder tongersdei waard de kontener mei aseton al oantroffen. Rykswettersteat meldt freed dat dy net út it wetter helle wurde koe yn ferbân mei minne waarsomstannichheden. As dat oerdeis opnij net slagget, kin er oan in anker fêstmakke wurde, sadat er letter troch in oar skip ophelle wurde kin. It skip dat no op see is, kin dan fierder sykje nei de missende konteners.

Foto: ProNews

Martijn Kapel fan Rykswettersteat oer de konteners

It is noch altyd ûndúdlik hoe't it kin dat de konteners oerboard sloegen. Minsken fan de ynspeksje leefomjouwing en transport binne al twa dagen dwaande mei ûndersyk op it skip dat de konteners ferlear. Se besjogge de technyske steat fan it skip, en kontrolearje ek oft alle dokuminten op oarder binne.

It skip leit no yn de haven fan Rotterdam. Tongersdei ha de ynspekteurs ek al op it skip west, mar doe is it ûndersyk net ôfmakke, omdat der mear partijen oan board wiene, dy't ûndersyk diene. Dat soe gean om minsken fan de plysje, en de fersekeringsmaatskippij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)