Plysje rôlet himpkwekerij op; man út Opsterlân oanhâlden

09 apr 2021 - 08:54

De plysje hat tongersdei in 32-jierrige man út de gemeente Opsterlân oanhâlden. Yn syn wente trof de plysje in aktive himpkwekerij oan. De man wurdt neist yllegale himptylt fertocht fan it yllegaal ôftaapjen fan stroom.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

De plysje brocht earder al in besite oan de man syn wente, mar koe doe net nei binnen ta gean. Se wiisden de fertochte derop dat it hawwen fan in himpkwekerij strafber is.

Fierder ûndersyk smiet mear oanknopingspunten op, wêrtroch't de plysje de wente wol yngean koe. Dêr waard de yllegale himpkwekerij oantroffen.

Trefwurden: 
Opsterlân himpkwekerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)