Kollum: "Praat minder, sis mear"

09 apr 2021 - 08:40

"Ik hie al in kollum skreaun oer it feit dat ik net sa'n polityk wûnder bin en dat gefoel is allinnich mar slimmer wurden. Want nei alle konsternaasje oer DE notysjes, bin ik it paad hielendal bjuster! Ik haw net it hiele debat sjoen, mar ik siet der al plat foar doe't Annemarie Jorritsma oan it wurd wie. Sy koe har ek net in soad mear yn 't sin bringe, lykas har kollega's en ik fûn it ergernis om nei al dat gekonkel te sjen.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Loesje hie in moaie útspraak: 'Mediatraining voor politici: Leugopedie.' Fjouwer wurden dy't alles sizze en dat fyn ik hiel knap. Hjir kinne se yn Den Haag in foarbyld oan nimme omdat se dêr ornaris mei in hiele protte wurden net in soad sizze. Ik ha dizze tegelwiisheid ris betocht: 'Praat minder, sis mear.' Dy is ek wol tapaslik en soe net misstean yn de seal dêr't se wakker steane te debattearjen, te swetsen en te swarren.

Earlik sein haw ik altyd al tocht datst bepaalde karaktertrekken hawwe moatst om dy steande hâlde te kinnen yn de top fan de polityk. De wierheid ferdraaie, lige en de boel nei dyn hân sette; neffens my moast dêr wol oer kinne want oars dan hellest de einstreek nei alle gedachten net. Miskien is it ek wol nedich, hear, en heart it by it spultsje. Want sa besjoch ik it mar, as in spultsje. En hoefolle fan ús folksfertsjinwurdigers soene harren namme echt eare oan dwaan?

Sa'n Omtzigt wol, dochs tink ik dat der ek in hiele soad egotrippers tusken sitte. Mar moatst dat ek net in bytsje wêze ast sok wurk dochst? Ast net oertsjûge bist fan dysels dan wurdt it grif fan alles neat. Mei al dat media-omtinken en miljoenen minsken dy't wat fan dy fine, moatst hiel sterk yn dyn skuon stean. Ik soe it net kinne dus haw ik wol wurdearring foar de lju dy't it al besykje.

Ik beskôgje de wrâld op 't heden mar as in iepenloftspul. By alles wat ik lês of sjoch, besykje ik taskôger te wêzen en my der gefoelsmjittich net op kop en earen yn te stoarten. Wat ik wol nijsgjirrich fyn, is dat wat de saneamde komplottinkers al jierren roppe bytiden mear foarm liket te krijen. Troch dizze wrâldwide pandemy komme guon ideeën oer de Nije Wrâldoarder wol yn 'e buert fan wat der no bart en troch alle maatregels wurdt de kontrôle oer de befolking ek hieltyd grutter.

Mar sa út en troch oerfalt my ek gauris in gefoel fan skamte oer hoe't in soad boargers har hâlde en drage. En as ik it dan besykje te besjen fanút it eachpunt fan ús folksfertsjinwurdigers dan falt it grif net ta om al dy minsken by de les te hâlden. Fan de brave boargers hawwe se net in soad te frezen mar hjir rinne ek in moai soadsje debilen om.

Dat hawwe wy mei it moaie waar ek wer sjoen want de gaos yn de parken wie grut en yn 'e berm neist de diken leit ek noch fierstefolle rotsoai. En fan alle regelingen dy't de oerheid betinkt om ús te helpen, binne der altyd wer minsken dy't dêr skamteleas misbrûk fan meitsje. Persoanlik fyn ik dat we it hjir hielendal net sa min hawwe. Nettsjinsteande alle beheiningen fiel ik my altyd noch frij en salang't it spul net útspile is, bliuw ik it leafst taskôger.

Ik wol my emosjoneel net oan de stream fan ynformaasje ferbine omdat ik net foar de geast haw wat wier is of net. Mar sjoen nei wat der de ôfrûne tiid wer bard is, tink dat we dêr noait efterkomme sille."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)