Longdokter: ferromming coronamaatregels is "te vroeg"

09 apr 2021 - 07:59

Longdokter Wouter van Geffen fan it MCL neamt de plannen fan it kabinet om de coronamaatregels fan 21 april ôf te ferromjen, as it oantal besmettings ôfnimmen bliuwt, gjin goed idee. "Het is te vroeg", seit hy. De besetting yn de sikehûzen en op de IC's bliuwt noch altyd tanimmen en in grut part fan it sikehûspersoniel is noch net faksinearre.

Foto: omropfryslan

Neffens Van Geffen kin no noch net sein wurde oft der ferrommings komme kinne, om't de situaasje fan momint ta momint besjoen wurde moat. "In Noord-Nederland zitten we nu echt heel krap. We kunnen mensen met corona nu nog wel opnemen, maar op het moment dat dat een klein beetje verder toeneemt, betekent dat dat je andere zorg moet afschalen." Dat betsjut dat net-spoedeaskjende soarch dan net levere wurde kin.

Delikaat lykwicht

"Het is een heel delicaat evenwicht", ferfolget Van Geffen. Dat lykwicht wurdt no fersteurd om't we neffens de longdokter noch op in hiel krityk punt sitte kwa kapasiteit. De kâns dat it tal coronabesmettings drastysk tanimt, liket lytser om't in grut part fan de âlderein en it soarchpersoniel al faksinearre is. Dochs is it net sa simpel: "We zien wel dat de mensen die gevaccineerd zijn niet meer zo ziek worden, maar het is nog zeker niet voorbij."

De faksinaasjekampanje ferrint neffens Van Geffen "op z'n zachtst gezegd suboptimaal". It faksinearjen mei it AstraZeneca-faksin is stillein om't net wis is oft it feilich is. "Ik heb daarnaast deze week meerdere hele jonge mensen naar de intensive care of de corona-afdeling moeten brengen voor zuurstof. Dat zijn allemaal mensen die voorlopig niet aan de beurt zijn om gevaccineerd te worden. Daar moet wel capaciteit voor blijven."

"Te vroeg"

Persoanlik hopet Van Geffen dat der gau ferrommings komme, mar as dokter sjocht hy dat dat der no noch absolút net yn sit. "Het is echt nog te vroeg. En daar ben ik niet alleen in: zowel artsen op corona-afdelingen als daarbuiten vinden dat. Alles wordt geraakt als je weer een enorme toestroom van patiënten krijgt, die eigenlijk nu nog te vermijden is."

"Je kunt maar op een plek tegelijk zijn. Als ik op de corona-afdeling sta, kan ik niet de longkankerafdeling staan, waar ik normaal het meeste werk verricht. Datzelfde geldt voor mijn collega's en verpleegkundigen van andere afdelingen", seit Van Geffen.

Noch efkes folhâlde

Dat der ekstra hurd wurke moat, is neffens him net it slimste. "Dat doen we al heel lang. Maar het heeft een enorme wisselwerking op ons, zowel geestelijk als fysiek." Van Geffen tinkt dat we net te rap ferromje en noch efkes folhâlde moatte. "Die laatste loodjes wegen het zwaarst."

De Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen (NVZ) sei tongersdei ek ferbjustere te wêzen dat it kabinet fan doel is om de coronamaatregels te ferromjen. "Ik ben verbijsterd om dat te horen", sei John Taks, bestjoerslid fan de koepelorganisaasje. "Voor de komende weken is de voorspelling dat de cijfers net zo hoog zijn als in maart vorig jaar. De ziekenhuizen liggen hartstikke vol, we kunnen mensen niet overplaatsen."

Longdokter Wouter van Geffen

(Advertinsje)
(Advertinsje)