Skoalbern hâlde betinking by fersetsmonumint Allardseach

09 apr 2021 - 07:24

Learlingen fan groepen 7 en 8 fan basisskoallen De Oanrin en Betrouwen yn Bakkefean steane freed stil by it fersetsmonumint by Allardseach, in buorskip by Bakkefean. Op it plak fan it monumint waarden yn 1945 tsien fersetsminsken út Grinslân deasketten troch de Dútske besetter. De skoallen hawwe it monumint adoptearre.

It fersetsmonumint by Allardseach, by Bakkefean - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferline jier mochten der yn ferbân mei de coronamaatregels mar ien learling en ien learkrêft by de betinking oanwêzich wêze, mar dit jier meie de learlingen fan groep 7 en 8 der allegear by wêze, om't de maatregels wat ferromme binne. "Vorig jaar mochten we helemaal niet met de leerlingen bij elkaar zijn, maar dit jaar mag dat gelukkig wel", seit direkteur Daan Planting fan De Oanrin.

Skoallen bliuwe yn eigen 'bubbel'

Der meie dit jier lykwols gjin gasten nei de betinking komme en de bern fan beide basisskoallen bliuwe yn harren eigen 'bubbel'. "Op die manier kunnen we toch de herdenking organiseren." It bliuwt neffens Planting spitich dat de betinking yn beheinde foarm is. "Vorig jaar was het de 75ste herdenking en dat was uitgerekend het jaar dat het niet kon doorgaan. Dat is een hard gelag."

De bern gean freedtmoarn nei it fersetsmonumint by Allardseach. "We houden daar een moment stilte en we zingen een couplet van het Wilhelmus. De kinderen hebben gedichten gemaakt, waarvan vier worden voorgelezen", fertelt Planting.

Hy en de direkteur Pieter Nauta fan Betrouwen hâlde beiden in koarte taspraak. Normaal sprutsen soe de boargemaster ek delkomme om koart wat te sizzen, "maar die kan er natuurlijk ook niet bij zijn." Ta beslút wurde der blommen lein.

Monumint adoptearre

De basisskoallen hawwe it fersetsmonumint adoptearre. "We hebben onszelf verplicht daar jaarlijks een herdenking te organiseren en ook met de kinderen vooraf in de klas erbij stil te staan waarom we dat doen, zodat kinderen ook weten wat de lokale geschiedenis is", seit Planting. "De kinderen zijn daar best van onder de indruk."

De plechtigens wurdt dit jier, krekt as foarich jier, filme en op de websides fan de skoallen pleatst. Dêr binne ek de gedichten fan de learlingen te lêzen.

Direkteur Daan Planting fan De Oanrin

(Advertinsje)
(Advertinsje)