Snackbarhâlders min te sprekken oer mooglik ferbod op nije snackbars

09 apr 2021 - 06:33

Patat heart by de Nederlânske kultuer, fine snackbarhâlders. Se binne dan ek net te sprekken oer it plan fan de Raad voor de Volksgezondheid en Samenleving, dy't derfoar pleitet dat gemeenten de komst fan nije snackbars ferbiede kinne moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Mei it plan wol de Raad in sûnere mienskip stimulearje. Snackbarhâlders fine it ûnsin dat patat oanwiisd wurdt as skuldige fan net sûn libjen of bygelyks obesitas.

Yn Snits binne der hiel wat snackbars en oare ytgelegenheden. De patatbakkers dêr fine it oan de iene kant prima dat der dan net noch mear konkurrinten by komme, mar de minsken moatte sels útmeitsje kinne wat se ite.

'It giet om de saus'

"Een broodje gezond bevat meer calorieën dan een patatje", seit eigener Mürsel fan snackbar Mangerie. "Het gaat om de saus die gebruikt wordt. Zo is fritessaus veel minder vet dan mayonaise. Dus gebruik ik zelf fritessaus."

Dirke Kedde fan snackbar De Pôlle fynt it plan hielendal neat. Syn assortimint is sûnt 1968 kwealik feroare en ek net sûner wurden as yn it begjin. "Se binne allemaal groat met patat wurden, niet? Ik denk niet dat it slecht is voor de mensen."

'Nederlânske ydentiteit'

Eigener Siao Yu fan snackbar Piranha fynt dat minsken der better om tinke kinne sa min mooglik saus te nimmen en minder sâlt te iten. Ien kear yn de wike patat of in snack moat kinne, fynt hy.

Yu tinkt net dat patat ea ferdwine sil. "Patat is gekoppeld aan de Nederlandse identiteit." As der gjin snackbars wêze soenen, dan frituere de minsken neffens him thús wol.

Snitser snackbarhâlders oan it wurd

(Advertinsje)
(Advertinsje)