Wykoersjoch: tal Fryske coronabesmettingen en stjergefallen nimt rap ôf

09 apr 2021 - 06:00

It tal coronabesmettingen dat dizze wike yn ús provinsje meld is, leit opnij leger as de wike derfoar. Dizze wike wiene it der 1.533, ferline wiene gie it om 1.651 besmettingen. Ek it tal stjergefallen as gefolch fan it coronafirus gie omleech: fan 7 nei 4. It tal nije sikehûsopnamen gie omleech fan 18 nei 15 yn de wike.

Measten wer yn Súdwest-Fryslân

De measte besmettingen binne dizze wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân: it giet om 337 besmettingen. In wike lyn wienen dat der 314. Nei Súdwest-Fryslân folget Ljouwert mei 234 besmettingen. Dat wiene der in wike lyn noch 245.

Omrekkene nei it tal ynwenners sjitte de gemeenten Súdwest-Fryslân en Amelân derboppeút. Yn gemeente Súdwest Fryslân gie it om 374 besmettinen op 100.000 ynwenners. Yn Amelân waarden 296 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Dêrnei folgje De Fryske Marren mei 279 en Waadhoeke folget dêrnei mei 273.

Mei mear as 250 besmettingen per 100.000 ynwenners is der neffens it RIVM sprake fan 'extreem veel' nije besmettingen. Dan jildt it risikonivo 'zeer ernstig'. Dat is yn Súdwest-Fryslân, Amelân, De Fryske Marren, Waadhoeke, Skylge en Noardeast-Fryslân it gefal yn de ôfrûne wike. As it tal besmettingen yn de wike tusken de 100 en 250 per 100.000 ynwenners leit, is de situaasje 'ernstig'.

Maatregels tsjin it coronafirus yn it MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Mear as 34.500 Friezen corona hân

Mei de 1.533 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 34.586 Friezen it coronafirus fêststeld.

It tal stjergefallen gie neffens it RIVM foar de twadde wike omleech: fan 7 nei 4 yn Fryslân. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 452. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)