Nije foarsitter Frysk Ljeppers Boun set har mei provinsje yn foar doarpsskânsen

It Frysk Ljeppers Boun wol him ûnder de nije foarsitter Etty Kramer-Spriensma ynsette foar fierljepskânsen yn eigen doarp. Der binne op dit stuit op seis plakken fierljepferieningen mei profesjonele skânsen, mar neffens it bûn soe elts plak in eigen, ienfâldige doarpsskâns krije moatte. Provinsje Fryslân wol it inisjatyf stypje út de organisaasje Doarpswurk wei en mei jild út it Iepen Mienskipsfûns. It Frysk Ljeppers Boun kin advys jaan oer it oanlizzen, finansierjen en behear.
Argyffoto © Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Yn in doarp soe in beskieden wetterpartij makke wurde, mei ien skâns en in sânbêd. Dat kin neffens it Frysk Ljeppers Boun frij maklik, sûnder al te folle kosten. It soe bygelyks by in sportpark komme kinne of by in boartersplak of de doarpsfeart.
De bedoeling is dat eltsenien sa'n doarpsskâns brûke mei, ek de skoallen mei gymnastykles. Doarpswurk sil ynkoarten de ferieningen fan doarpsbelangen freegje nei de belangstelling.

Coronaromte

Op 6 april wie de ledegearkomste fan it bûn. Dêr is net allinne praat oer de doarpsskânsen, mar ek oer de coronakrisis. It Frysk Ljeppers Boun hat ek dit jier oanjûn it maksimale dwaan te wollen binnen de mooglikheden. Der moat ferantwurdlikens naam wurde, mar de romte dy't der wól is moat naam wurde foar trainingen en wedstriden.
"Der binne ferskate opsjes tinkber lykas: hielendal neat dwaan kinne, folsleine kompetysje, letter begjinne, wol of gjin trainingen, wol of gjin pyblyk derby. Al dizze opsjes wurde wer taret om fluch skeakelje, beslute en útfiere te kinnen," sa skriuwt it bûn.

Nije foarsitter Boun

Ek is der in nije foarsitter keazen. Nei fjouwer jier jout Teije Dijk mei syn pensjonearring de taken oer oan Etty Kramer-Spriensma fan It Heidenskip, dy't sels ek aktyf west hat binnen de sport. Sy hat bestjoerslid west fan in LTO-ôfdieling, lid fan de gemeenteried en foarsitter fan de fierljepferiening yn It Heidenskip. Sy wurket by suvelkonsern FrieslandCampina as adviseur fan boeren.