Fraksjes Eaststellingwerf benaud dat jongelju troch corona mear drinke

08 apr 2021 - 22:00

By guon partijen yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf is der noed oer de negative gefolgen fan de coronakrisis op it drinkgedrach fan jongelju yn de gemeente. De eangst is dat minsken rapper nei alkohol gripe troch de stress, ferfeling of de iensumens.

Argyffoto fan de ried fan Eaststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân

Sa hie Marieke van Weperen fan it CDA it oer de mentale problemen by de jongerein. Jenny Dolstra fan Wij Lokaal fûn it nuver dat it corona-effekt net meinommen is yn it previnsje- en hanthaveningsplan akolohol foar 2021-2024. Dat plan waard tongersdei bepraat yn in kommisje. Mar neffens wethâlder Esther Verhagen is it reguliere belied al foldwaande.

It alkoholgebrûk is de lêste tsien jier ôfnaam. Yn 2012 wie it noch 60 persint fan de jongelju tusken de 12 en de 18 jier dat wolris oansketten west hat, no is dat 43 persint. Neffens de wethâlder is it mar krekt hoe't je it besjogge. Is it glês heal fol of heal leech?

Boargemaster Harry Oosterman sei fierder dat der aksje ûndernaam wurdt as der oertrêdingen binne. De gemeente docht stekproeven, benammen op plakken dêr't it net-neilibjen fan de regels in bekend probleem is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)