Gastles yn Garyp fan ûnderdûkster: "Bern kinne it noch út earste hân hearre"

It wie bysûndere gastles op basisskoalle CBS De Wrâldpoarte yn Garyp: mei in online ferbining koene skoalbern út groep 8 fragen stelle oan de joadske ûnderdûkster Naomi Waas, no 78 jier âld. De kommende wiken wurde op alve skoallen yn ús provinsje gastlessen jûn troch minsken dy't as berntsje yn de Twadde Wrâldoarloch in ûnderdûkadres hiene yn Fryslân.
Boek fan Naomi Waas © Naomi R. Waas
Mei-inoar binne yn 1943 hûnderten joadske bern nei Fryslân smokkele dy't by Fryske famyljes in part fan de Twadde Wrâldoarloch trochbrochten. Sa hie frou Waas har ûnderdûkadres yn Drylts.

"It wie mûsstil yn de klasse"

It persoanlike ferhaal makke bot yndruk op 'e skoalle yn Garyp, seit direkteur Anna Doornbos fan De Wrâldpoarte. "It wie mûsstil yn de klasse, dan bart der echt wol wat. It slút prachtich oan op de dingen dêr't wy mei dwaande binne op skoalle yn dizze tiid. Wy hawwe elts jier wol in tema oer de Twadde Wrâldoarloch. En dan is it fantastysk dat je mei ien prate kinne dy't de oarloch oerlibbe hat en dy't der oer fertelle kin. Bern kinne it no noch út de earste hân hearre."

Hjoeddeiske flechtlingen

It bleau net allinne by de oarloch fan 40-45, ek hjoeddeiske problematyk kaam oan bar. "Wy wolle it ek graach ferbine oan de flechtlingen fan no," seit Doornbos. "De flechtlingen fan doe wiene de joadske minsken fan Amsterdam dy't hjir bedarren. Mar wy hawwe no ek flechtlingen dy't flaby wenje, yn it azc yn Burgum. Dat fine wy as skoalle wichtich om de bern mei te jaan. Wy libje hjir yn frijheid, mar dat is net foar eltsenien sa."
"Ik fûn it wol hiel moai dat sy dit útlein hat," seit ien fan de learlingen nei de tiid. "It is goed om mei te krijen en sy wist wol goed wat der bart mei minsken dy't ditsoarte dingen meimeitsje. Ik wist der wol wat fan, ik fyn it nijsgjirrich, mar ek slim foar de minsken dy't it meimakke hawwe."
Ferslachjouwer Auke Wietze Bosma