Roeister Ymkje Clevering: "Ik kom hjir om te winnen"

"Ik kom hjir om te winnen", seit Ymkje Clevering. Sy is ien fan de trije Friezen dy't dit wykein meidogge oan it Europeesk kampioenskip roeien yn Italië. Jan van der Bij, Ymkje Clevering en Aletta Jorritsma meitsje yn Varese alle trije ek kâns op in medalje. Sterker noch, Van der Bij en Clevering ferdigenje harren titel. We praten mei de trije roeiers en sjogge foarút nei de Olympyske Spelen.
Harkje nei in reportaazje fan ferslachjouwer Roelof de Vries
Krekt foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese, Italië © Merijn Soeters
It Europeesk kampioenskip fynt plak yn Varese. Wêrom binne jim dêr sa betiid al nei ta reizge?

"We hawwe derfoar keazen om twa wiken yn it foar al dizze kant op te gean. Sa kinne we hjir goed traine en hawwe wy ús eigen bubbel. We sitte hjir allinnich mei ús eigen ploech en oare lannen treffe we ek net. Ik sit no op it balkon. It is 17, 18 graden en as ik 100 meter rin, sit ik al yn it wetter. Dat is ideaal."

Jim waarden fiif moannen lyn Europeesk kampioen yn Poznan. Wat binne no jim kânsen?

"Omdat it EK fan fiif moannen lyn ek de lêste wedstriid wie, is it lêstich yn te skatten. We gean der fanút dat we te meitsjen krije mei deselde lannen en Grut-Brittannië. Dat wie it iennige lân dat der op it EK yn Poznan net by wie. En dat is in sterk roeilân. Poalen is de wrâldkampioen, mar waard tredde op it EK. En Italië is ek sterk, lykas Roemenië."

Jim ha jim al pleatst foar de Olympyske Spelen, mar by guon sporten moatst dochs op 'e nij foarmbehâld sjen litte. Hoe sit dat by jim?

"Wy binne wis fan de Spelen. We hiene ús al pleatst en de gouden medalje op it EK wie al genôch foar foarmbehâld. It helpt fansels ek dat we goud helle hawwe."

Jim binne no de sterkste fan Europa, mar hoe binne jim kânsen op de Spelen?

"It EK is wol in goede graadmjitter foar ús. Faak hearre de Europeeske boaten ek by de wrâldtop. Sina kin dêrby komme. Ek omdat sy in Ingelske coach oansteld hawwe en it lêste WK in soad medaljes wûn hawwe. Australië hawwe we al in skoft net yn aksje sjoen, mar dy hawwe fan de fjouwer sûnder in prioriteit makke. En dan hast noch Nij-Seelân, Kanada en Amearika."

Hoe sjocht de perioade nei it EK derút?

"In soad is noch ûnwis. We sille nei it EK oant 11 maaie op hichte traine yn Eastenryk, mar dêrnei is it ôfhinklik fan wat der kin. We sille foaral traine, traine, traine. En miskien noch wat wedstriden. Sa't it no stiet, giet ien wrâldbeker troch en komme der miskien noch ien of twa by. We moatte efkes sjen wat der mooglik is. Hoelang moatte we yn karantêne? Yn watfoar lân is de wedstriid? Undertusken traine we gewoan troch en makket it net út watfoar wedstriden der noch by komme."

Gewoanwei meist trije wike yn it foar al nei de Spelen. No is dat werombrocht nei fiif dagen. Hoe ferfelend is dat?

"It is wol skeakeljen. It binne yn Japan fansels oare tiden, dus wolst gjin lêst hawwe fan in jetlag. En de omstannichheden binne dêr ek hiel oars. It is der folle waarmer as hjir en de luchtfochtichheid is nei alle gedachten hiel heech. We hawwe wol wat fasiliteiten hjir om dêrmei om te gean, mar it soe it moaiste wêze as we earne hinne kinne dêr't ferlykbere omstannichheden binne."
Foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese © Merijn Soeters
Wat binne krekt jim konkurrinten?
"Roemenië en Dútslân einigen foar ús. Mar we sieten echt hiel ticht efter de nûmer 2, Dútslân. Ruslân siet efter ús. Italië is ek wol ynteressant, want dy hawwe no foar it earst ek in acht-boat. En Grut-Brittannië die troch corona oan it lêste EK net mei, dus we witte net krekt hoe goed oft sy binne. Mar sy ha wol echt as roeibûn de neidruk lein op de fjouwer-boaten. Wylst Roemenië krekt de fokus leit op de acht."
Hoe sit dat krekt by jim mei de kwalifikaasje foar de Spelen?
"Wy hawwe ús noch net pleatst. Dat wurdt noch spannend. 15 oant 17 maaie is in Olympysk Kwalifikaasje Toernoai yn Luzern yn Switserlân. Dan kinne noch twa boaten harren pleatse. Dit toernoai is ek dêrom wol belangryk. Want fan de lannen dy't op it EK meidogge, hat allinnich Grut-Brittannië him pleatst foar de Spelen. Roemenië en Dútslân dus noch net en dy sieten op it EK fiif moannen lyn foar ús. En dêr komt yn Luzern dan Sina ek noch by. Der meie yn totaal sân boaten nei Tokyo, allinnich Grut-Brittannië, Australië, Amearika, Nij-Seelân en Kanada hawwe harren no pleatst."
Jim hawwe noch in jonge ploech. Betsjut dat dat jim noch hiel bot groeie kinne?
"Ja, en ek wol omdat we ferline jier noch mar koart byelkoar sieten. Troch corona hawwe wy mei dizze groep mear traind en hawwe we in heal jier langer byelkoar west. Dat kin wol in foardiel wêze."
Bisto de âldste?
"Eeeehm, dat tink ik wol ja."
Wat seit dat?
"No ja, ik sit mei Karien Robbers op slach. Mei Karien haw ik yn de dûbel twa roeid op de Spelen yn Rio. We sette it ritme hiel dúdlik del, sadat de rest fan de boat dat ritme folge kin. Ik moat Karien in bytsje oanjeie. Foaral op mominten dat it moat. En fierder rêstich bliuwe. Dizze groep is wol lykweardich. It fielt net as haw ik in liedersrol, mar we nimme wol wat ûnderfining mei fansels."
Hoe komst yn de Holland Acht?
"Nei it EK hawwe we de groep in bytsje útwreide. Nei tolve minsken. Yn jannewaris gongen we op trainingskamp yn Sevilla. Dan dogge we seleksjewedstriden, roeie we op in ergometer en dêrnei wurdt dan de kar makke foar dizze acht. Sa binne der twa oare famkes yn de boat kaam dy't by it foarige EK net meidiene. Op de ergometers hat elk dit jier persoanlik rekôrs helle."
Wie dat foar dy dan ek noch spannend?
"Ik haw wol in soad testen dien en wit dat ik sterker wurden bin. Dus ik wist dat ik der wol by kaam."
Bist no blessuerefrij?
"Ja, it giet wol aardich."
Wol aardich?
"Ja, hahaha. Ik haw it ûnder kontrôle. Ja, nee, ik wit net, it giet wol goed."
Foar de Spelen yn Rio yn 2016 rekkest oertraind. Is dat foarby?
"Ja, seker! It jier nei Rio haw ik dermei dwaande west om te sjen wat ik kin. Ik tink net dat soks my wer oerkomt. Ik haw noch wolris lêst fan 'e rêch, mar dat is no okee."
Wêrom net?
"Ik tink dat ik myn lichem no folle better ken. Ik tink dat de hiele dynamyk yn de groep feroare is en ik tink dat dat de foarige kear ek wol meispile. It is no wol in iepen klimaat. Ik tink dat ik no folle beter wit dat, as ik ris in kear wurch bin, it dan ek tefolle is. En alle Nederlânske ploegen dogge it no ek hiel goed. Dat helpt fansels ek mei. Dat soarget foar in goed trainingsklimaat."
Hoe is de foarm?
"Ik hear eltsenien sizze dat der no in acht leit dy't noch noait sa goed west hat."
Wannear bist tefreden?
"We gean der natuerlik wol hinne om earste te wurden. Ik tink wol dat de boaten tichtby elkoar lizze. We moatte earst mar ris goed farre. Mar úteinlik giet it wol om dy race oer fiif wiken. Dizze race kinne we goed brûke om better te wurden en dit is in leuke meting."
Krekt foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese, Italië © Merijn Soeters
Jim binne titelferdigener. Is it dan simpel? Binne jim de favoryt?
"Ik tink wol dat we favoryt binne. Mar it bliuwt spannend. De Italianen hiene bygelyks in nije formaasje, dus dy wurde nei alle gedachten noch better. En de dielnimmers út Grut-Brittannië rjochtsje harren foaral op de fjouwer-boaten en dy diene op it lêste EK net mei. Mar ik kom hjir wol om te winnen."
Is de Europeeske top ek de wrâldtop?
"Op it WK yn 2019 einigen we efter Australië, mar we hawwe gjin idee hoe goed oft dy no binne, omdat we troch corona dy al hiel lang net mear sjoen hawwe. En dy sjogge we oant de Spelen ek net mear, want se dogge ek net mei oan de wrâldbekers. Amearika liket it no eins foar it earst ris in kear net op oarde te hawwen, mar dy moatst altyd yn de gaten hâlde. Nij-Seelân hat ek in goede boat, mar dy hawwe harren noch net sa rjochte op de fjouwer-boaten. En dan moatst ek noch tinke om Kanada."
Hoelang binne jim no yn Italië?
"In oerke fan Varese yn Pusiano, tichteby de Como-mar hawwe we al twa wiken traind. Kwa corona is dat handich. De manlju en de froulju sitte ek net byinoar. No ek, yn in oare ytseal."
Binne jim no al yn bloedfoarm of moat de pyk letter pas by de Spelen lizze?
"Dêr leit de fokus wol op, fansels. Mar de coach hat foar dit toernoai besletten om dochs in bytsje út te rêsten. Omdat it belangryk is om hjir in goede race te farren. We hawwe aanst ek noch twa wrâldbekers en dêr traine we goed oerhinne."
Hoe sjogge de kommende moannen derút?
"We bliuwe aanst fiif wiken thús. Dan hawwe we noch in wrâldbeker yn Switserlân en dêrnei noch ien net fier fan Rome. Dêr sitte dan ek trainingsblokken omhinne. En dêrnei sille we nei de Spelen."
Jim hawwe de Spelen yn Tokyo, dus yn oare tiidssône. En it is dêr nei alle gedachten hiel waarm. Boppedat meie jim fanwege corona no mar fiif dagen yn it foar nei Japan ta. Hoe riede jim jim hjirop ta?
"We hawwe de ôfrûne jierren in tal toernoaien yn ferlykbere lannen hân, lykas yn Florida. Mar no tocht ik lêsten ynienen wol fan "O ja, it giet troch". Dan hast hiele oare soargen en tinkst foaral 'giet it wol troch'? En doe tocht ik ynienen "O ja, shit, it is dêr sa waarm". Dat is dan no ynienen wol in dinkje. Ik tink net dat we yn waarmtekeamers traine sille, mar miskien ek wol. En it tiidsferskil is ek wol ferfelend. Foar eltse dei datst dêr bist, moast eins in oere nimme. It tiidsferskil is njoggen oeren. Dus moatst der eins njoggen dagen yn it foar wêze, mar dêr kinne we neat oan dwaan."