Easterwâlde yn beweging: Olga Commandeur jout gymnastyk oan âlderein

08 apr 2021 - 19:36

Olga Commandeur, bekend fan de telefyzjegymnastyk Nederland in Beweging!, wie tongersdei yn Easterwâlde om mei de âlderein yn soarchsintrum Rikkingahof oefeningen te dwaan. De work-out wie coronaproof, mar de measte âlderein wienen dochs al faksinearre. Yn de saneamde wintertún fan Rikkingahof kamen se sittend of steand yn beweging op de muzyk en ynstruksjes fan de âld-atlete.

Gymnastyk fan Olga Commandeur foar âlderein yn Easterwâlde

In lytse 50 sportivelingen, bewenners en begelieders, dienen mei oan de gymnastyk. It waard organisearre troch fersekerder Univé en soarchgroep Liant. It doel is om de fitalens en it bewegen te stimulearjen.

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn petear mei Olga Commandeur

Reaksjes op de gymnastykles

(Advertinsje)
(Advertinsje)