LTO wol tekoart oan romte yn Nederlân oanpakke troch ynpoldering

Boere-organisaasje LTO fynt it gjin goed idee om de Nederlânske lânbou de kommende desennia tsientûzenen bunders grûn ynleverje te litten foar wentebou, nije natuer en sinneparken. Neffens it rapport Grote opgaven in een beperkte ruimte fan it Planbureau foar de Leefomgeving soe de Nederlânske lânbou de kommende desennia in soad grûn ynleverje moatte. Op termyn soe it persintaazje grûn dat yn Nederlân beskikber is foar lânbou sels krimpe moatte fan 60 nei 50 persint.
Boaiemgebrûk yn Fryslân © Omrop Fryslân
Tineke de Vries fan LTO erkent dat der yn Nederlân in tekoart oan grûn is. Mar neffens har hawwe ek de boeren ferlet fan mear romte om harren te ûntwikkeljen en natuerynklusiver en biologysker te buorkjen, sa't de Europeeske Uny wol. De Vries fynt dêrom dat serieus sjoen wurde moat nei mooglikheden om, lykas yn it ferline, Nederlân grutter te meitsjen troch lânwinning.
"Wêrom dogge wy net wat wy al iuwen dien hawwe: grûn der by meitsje!" De Vries tinkt dan net oan de Waadsee, mar oan de Noardsee. "Lânwinning op see is net allinnich goed foar de lânbou, mar ek foar huzebou, rekreaasje en natuer."

"Boer is part fan oplossing"

It Nederlandse Akkerbouw Vakbond (NAV) lit yn in reaksje witte dat se it grutte belang fan de itensproduksje misse yn it advys fan it planburo. It NAV fynt dat it tiid wurdt foar in fûnemintele diskusje oer it grutte belang fan it produsearjen fan iten yn eigen lân.
Beide boere-organisaasjes binne fan betinken dat de fruchtbere Nederlânske lânbougrûn behâlden wurde moat foar de lânbou. "De boer is net it probleem, mar ûnderdiel fan de oplossing", seit De Vries. "Op boerelân fine je greidefûgels, yn sinneparken en yn de stêd sjoch ik se net. Lânbougrûn is ek hiel wichtich foar de wetterhúshâlding."

77 persint lânbougrûn

Yn Fryslân is op dit stuit noch sa'n 77 persint fan it lânoerflak lânbougrûn. De trochsneed fan in boerebedriuw is 61 bunder. Neffens it CBS wiene der yn 2020 yn Fryslân 4.214 boereberiuwen. 87 persint dêrfan binne feeboeren. It oantal boerebedriuwen wurdt wol yn frij rap tempo minder, want 20 jier ferlyn wiene der yn Fryslân noch 7.109 boerebedriuwen. Dy wiene doe mei 37 bunder in stik lytser as de trochsneed bedriuwsgrutte fan no.
Tineke de Vries fan LTO Noord © Omrop Fryslân, René Koster
Tineke de Vries fan LTO oer it rapport fan it Planburo voor de Leefomgeving

Nije natuer

LTO is it mei it planburo iens dat der grutte útdagingen binne yn Nederlan dêr't it giet om it goed brûken en ferpartsjen fan de beheinde romte. De boere-organisaasje fynt it ek in goede saak as it Ryk, mear as de ôfrûne jierren, de rezjy nimt oer de ynrjochting fan Nederlân. LTO is der wol min oer te sprekken as nije natuer omskreaun wurdt as Natura-2000 gebiet. "Dan steane wy wer foarinoar oer", sa seit De Vries.
Om it rapport fan it planburo te balansearjen sil LTO de eigen Grondvisie 2020 ynleverje by de ynformateur. De LTO pleitet yn it stik foar in hiel sunich omgean fan lânbougrûn. Grûn dy't dochs foar de lânbou ferlern giet, heart neffens LTO wer op in oar plak kompensearre te wurden.
Sinnepanelen hearre neffens LTO thús op dakken fan gruttere gebouwen. Dat kinne fansels ek boereskuorren wêze.