Kwaliteit RUG/Campus Fryslân poerbêst, tal studinten kin noch better

08 apr 2021 - 18:44

RUG/Campus Fryslân hat tongersdei in tuskentiidske evaluaasje presintearre. Yn 2015 hat it flink wat subsydzje fan de provinsje en de gemeente krigen om de opbou fan de fakulteit mooglik te meitsjen. De posysje fan Fryslân en it akademysk klimaat moast in grutte 'boost' krije. Neffens direkteur bedriuwsfiering Piet Bouma fan Campus Fryslân giet it op kwalitatyf mêd hartstikke goed, mar kinne der noch wat mear studinten by.

RUG/Campus Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ynhâldlik is RUG/Campus Fryslân dus goed op streek, seit Bouma. "Wy hawwe mei it University College in hartstikke moaie oplieding dy't al gau it predikaat 'Topopleiding' krigen hat. Mar yn de oantallen giet it folle suniger as dat wy yn 2015 ferwachte hiene. Wy binne mei minder studinten begûn en de groei is der wol, mar it gie wol minder hurd as dat wy doe tochten. Dus om der in folsleine fakulteit te foarmjen, dat sil noch krekt wat langer duorje."

Prognoazen bysteld

Al mei al binne der no sa'n 270 studinten, wylst dat yn de orizjinele plannen sa'n 800 wêze moatten hiene. "Dêr binne in pear oarsaken foar," tinkt Bouma. "Wat de bachelor-oplieding oanbelanget binne wy mei minder studinten begûn, dy skatting wie gewoan dreech. It wiene der earstoan 27, no sitte wy op 77. Dus dat groeit noch prima, mar begûn wol wat stadiger. De masteropliedingen binne foar in part wat letter úteinset fanwege wat dregere tariedingen. In pear dogge it hiel goed, oaren moatte der noch wat oan lûke om mear studinten te krijen."

Fierder wol Campus Fryslân ek wurkje oan it imago fan Ljouwert as universitêre stêd. "Yn it begjin moasten studinten noch wol wat útlizze as sy earne seinen dat sy in universitêre stúdzje yn Ljouwert diene. Dat is wol better wurden. Mar der kin altyd mear oan dien wurde, wy dogge der alles oan om de bekendheid te fergrutsjen."

Nije bachelor yn Ljouwert

Bysûnder is ek dat der yn septimber takom jier in twadde bachelor by komt. Bouma: "It hjit 'Data Science and Society' en giet oer it opsetten en it behearen fan grutte databestannen en de maatskiplike ymplikaasjes dêrfan. Dus juridyske, etyske en technyske fragen. Hoe kinne wy feilich grutte databestannen meitsje en tapasse, dêr draait it om."

Yn de hjerst moatte nije studinten haren dêrfoar ynskriuwe kinne. De bedoeling is dus ek dat de nije bachelor it studintetal omheech bringt. Deputearre Sander de Rouwe hat witte litten dat de langere opstarttiid ek op oare fêstigingen jildt, mar dat de provinsje der alle betrouwen yn hat dat it goedkomt.

Piet Bouma fan Campus Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)