Plysjehelikopter hat twadde kontener fûn op Noardsee

De plysje hat mei in helikopter de twadde kontener dy't oerboard slein is fûn yn de Noardsee. It giet om in saneamde 'tanktainer' mei bakoalje. Tongersdeitemoarn waard de kontener mei aseton al fûn. It skip Baltic Tern hat fiif konteners ferlern: ien mei aseton, ien mei bakoalje, ien mei pallets en twa mei houtfezels. Neffens de Kustwacht is needhelp-sleepboat Guardian ûnderweis om de kontener op te sykjen.
© Kustwacht
De Kustwacht ferwachtet dat de Guardian der om 18.40 oere hinne is.