Lêste oanbieder analoge radio hâldt ek op, wat no?

08 apr 2021 - 17:59

It is de skrik fan in soad minsken dy't analooch nei de radio harkje. Ien foar ien hâlde media-oanbieders op mei it analoge radiosinjaal. Ziggo wie de lêste lanlike oanbieder dy't noch in analooch sinjaal hie, mar ek dat hâldt no op. Dêrneist wurdt der ek stadich tawurke nei dat it FM-sinjaal yn de takomst ferdwine sil en hieltyd mear minsken op DAB+-radio oer moatte.

Foto: Omrop Fryslân

Programmatechnikus Martin Wijbenga fan Omrop Fryslân praat jimme by oer de stân fan saken.

Martin Wijbenga oer ferdwinen analoge radio

Op 29 april ferdwynt yn in grut part fan Fryslân de analoge radio. Minsken dy't Omrop Fryslân-radio ûntfange op 95.9 FM sille dêrnei rûs hearre. Sjoch hjir om hokker regio's it giet. It digitale kanaalnûmer fan Ziggo is 824, it is te finen yn de stjoerderlist fan de telefyzje of mediabox.

Trefwurden: 
radio analooch
(Advertinsje)
(Advertinsje)