Earste proefeveneminten sette freed útein: yn totaal 7.000 minsken wolkom

08 apr 2021 - 17:11

De earste proefeveneminten mei tagongstesten foar besite oan musea, poppoadia en teäter sette freed útein. Mei in negative test is dizze moanne tagong mooglik ta 21 eveneminten yn de provinsje. De reaksjes binne wikseljend: de ien is entûsjast en in oar hat problemen mei de tagongstesten.

Testeveneminten sette útein

De doarren fan it Van Eysingahuis yn Ljouwert geane freed om tsien oere iepen. Oer de hiele dei ferspraat meie der 60 besikers nei binnen. Nije wike binne der trije optredens yn stedsskouboarch De Harmonie dy't hast allegear útferkocht binne.

7.000 minsken totaal

Yn totaal is der by 21 Fryske eveneminten romte foar sa'n 7.000 minsken. Al dy minsken moatte harren yn it foar testte litte. Dat bart oan de James Wattstrjitte op yndustryterrein West yn Ljouwert. Yn poppoadium Neushoorn binne ein april optredens fan Lakshmi, Paceshifters en Kevin. Eltse jûn binne der dan 102 besikers wolkom. Dy moatte wol allegear sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)